Sichtberens Fryske Taal

Dizze regeling is op dit stuit sletten.

De regeling hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. Ofhinklik fan de aktiviteit wurdt de subsydzje beskikber steld oan in yn ’e provinsje Fryslân fêstige desintrale oerheid of oan in yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan. De regeling stiet iepen fan 28 novimber 2024 oant en mei 10 desimber 2024 en hat in subsydzjeplafond fan € 110.000,-

Hichte fan de subsydzje

De subsidiabele kosten en hichte fan it subsydzjebedrach binne ôfhinklik fan de aktiviteit dêr 't jo subsydzje foar oanfreegje. Sjoch foar fierdere ynformaasje de regeling Sichtberens Fryske taal.

Betingsten

De betingsten kinne jo fine yn de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal. Yn dizze regeling kinne jo lêze oft jo foldogge oan de betingsten fan de regeling.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it beskikbere oanfraachformulier. It is wichtich it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken derby te dwaan. 

Mei de post 

Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo neikommende stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Print it formulier út
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken dy’t frege wurde ek útprinte wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken mei de post op nei de provinsje:

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum (KCC) opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl