De provinsje Fryslân hat ambysjes op it mêd fan sinne-enerzjy. Op dizze side lêze jo oer ús ambysjes en wêr’t jo terjochte kinne mei jo fragen.

Ik haw in fraach oer:

  • Subsydzjes;
  • Fergunnings: nim kontakt op mei jo gemeente;
  • Sinnefjilden en -parken: nim kontakt op mei jo gemeente;
  • It oanbringen fan sinnepanielen op in monumintaal pân: nim kontakt op mei jo gemeente;
  • Technyk: it oanbringen fan sinnepanielen, converters ensafh.: nim kontakt op mei in oannimmer of ynstallateur;
  • Frysk Belied wat sinne-enerzjy, sinneparken, sinnefjilden, sinnepanielen oanbringe op in parkearterrein ensafh. oanbelanget: sjoch de notysjes  Romte foar Sinne en Sinnefjilden yn it lânskip.

k haw in fraach oer asbestdakken en sinne-enerzjy:

Sinne-enerzjy op skoaldakken

Provinsje Fryslân en Skoaldakerevolúsje sette harren mei-inoar yn om ein 2025 mear as de helte (55%) fan alle Fryske Skoaldakken te foarsjen fan sinnepanielen. Benijd nei it tal skoallen mei sinnepanielen en wat Skoaldakrevolúsje foar dyn skoalle of gemeente betsjutte kin? Besite de side foar mear ynformaasje.

Us doelen foar sinne-enerzjy yn Fryslân

  • Yn 2020 wekke wy yn Fryslân 500 MW sinne-enerzjy op;
  • Yn 2025 wolle wy 1300 MW opwekke mei sinne-enerzjy;
  • Yn 2050 wolle wy 100% ûnôfhinklik wêze fan fossile brânstoffen.

​Kontakt

Foar oare fragen en/of ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei it Klant Kontakt Sintrum fan ’e provinsje Fryslân, telefoannûmer: 058 – 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl.