Skea oan bisten foarkomme en subsydzejeregeling
Wolven ite benammen grutte wylde hoefdieren lykas edel - en deimen, wylde bargen en reeën. In wolf kin ek gefaarlik wêze foar fee lykas skiep, geiten en kwetsbere bisten lykas jongfee. It is dêrom wichtich om fee te beskermjen. Om mei de wolf gearlibje te kinnen, wurdt it treffen fan previntive maatregels, lykas elektryske rasters, oanrikkemandearre. Hjiroer lêze jo mear yn Faunaschade Preventie Kit Wolven.
Omhein jo greide en hâld rôfdieren bûten
Mei de ynset fan de juste previntive maatregels kinne jo rôfbisten - oft it no giet om in wolf, foks, goudjakhals of in hûn - op ôfstân hâlde en jo bisten beskermje. Elke lokaasje is fansels ferskillend en freget oare beskermingsmiddels. In wettertichte beskerming tsjin oanfallen bestiet net. Ut de ûnderfiningen fan Dútslân docht bliken dat in goede beskerming it tal oanfallen op fee drastysk sakket yn gebieten dêr 't wolven al langer libje.
Subsydzjeregeling wolfkearende maatregels
Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje foar de oanskaf fan previnsjemaatregels om skea troch in wolf foar te kommen. Dat kin yn it troch Deputearre Steaten fêststelde wolvegebiet, dêr 't de kâns op wolveaktiviteiten it grutst is. Grofweg giet it om it gebiet tusken de A7, de A32 en de grins mei Drinte.
Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling fine jo yn de regeling. DS stelt yn totaal 450.000 euro beskikber.
Kalamiteiteregeling foar oanfallen bûten it wolvegebiet
Skiep- en geitehâlders, hynste- en ponyhâlders, feehâlders, bargehâlders en alpacahâlders bûten it wolvegebiet kinne, ûnderbetingsten, ek oanspraak meitsje op de subsydzjeregeling.
Betingsten foar de kalamiteiteregeling:
- der binne trije oanfallen binnen sân dagen
- yn oaniensletten regio binnen ien gemeente of twa oangrinzjende gemeenten
- jo dogge jo oanfraach binnen trije wiken nei de twadde oanfal
Fergees advys oer wolfkearende maatregels
Wolle jo help of advys oer wolfkearende maatregels of de subsydzjeregeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de wolvekonsulint yn Fryslân. Hy advisearret hâlders fan lânbouhúsdieren fergees en op maat. Sawol op ôfstân (telefoanysk, e-mail) as op lokaasje.
De wolvekonsulint is der foar advys en helpt by fragen as:
- Oan hokker easken moat de wolfkearende ôffreding foldwaan?
- Wat binne de subsydzjemooglikheden en hoe freegje ik dat oan?
- Kin ik myn raster kontrolearje litte op wolfwerendheid?
Yn Fryslân kinne jo dêr kontakt foar opnimme mei wolvekonsulint Jaap Mekel fia info@mekelogischbeheer.nl.
Dêrneist kinne jo yn Fryslân kontakt opnimme mei de praktykkonsulint as jo advys nedich hawwe oer materiaalkar en hoe't de rasters pleatst wurde kinne. De praktykkonsulint advisearret oer it gebrûk fan ferskate materialen en de wize wêrop't dy ynset wurde kinne.
Jo kinne praktykkonsulint Robert Jan Feijen berikke fia robertjanfeijen@hotmail.com.