Stikstoffergunning

It is wichtich om ús weardefolle en kwetsbere natuergebieten te beskermjen. De omjouwingswet garandearret de beskerming fan dy gebieten en de yn it gebiet foarkommende wichtige soarten. Dêrby moatte jo bygelyks tinke oan natuergebieten mei byhearrende soarten dy 't foar Nederlân en/of Europa fan wichtige betsjutting binne, lykas de Natura 2000-gebieten.

As jo in aktiviteit en/of wurksumens útfiere wolle wêrtroch 't mooglik stikstof telâne komt yn in Natura 2000-gebiet, hawwe jo dêrfoar in omjouwingsfergunning foar in Natura 2000-aktiviteit nedich.

Foarbylden

  • By de oanlis fan ynfrastruktuer moatte jo neigean oft der sprake is fan stikstofdeposysje;
  • Jo wolle in nije wenning bouwe. Ofhinklik fan de grutte en de ôfstân ta de Natura 2000-gebieten kin der sprake wêze fan stikstofdeposysje;
  • It útwreidzjen fan in feehâlderij kin ek liede ta mear stikstofdelslach op de omlizzende Natura 2000-gebieten.

Yntern salderen

Yntern salderen betsjut dat je op lokaasje maatregels nimme dy 't útstjit ferminderje om dêrnei de frijkommen romte op deselde lokaasje te brûken om aktiviteiten út te fieren. As der sprake is fan in projekt dat op yntern saldearje slacht, is der gjin fergunningplicht om 't de stikstofdeposysje de rjochtlike stikstofromte op dy lokaasje net oer giet. Yntern saldearje is net fergunningsfrij wannear 't sprake is fan in emisje-earme stâlflier.

Emisjeearme stâlen

Op 7 septimber 2022 die de Ofdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat meardere útspraken dêr 't út bliken docht dat ûnwis is oft emisje-earme stâlsystemen yn de praktyk dogge wat se belove. Provinsje Fryslân hat fergunningferliening foar emisjeearme stâlsystemen dêrom útsteld.

Ekstern saldearje

Op 30 juny 2023 hat provinsje Fryslân de natuerdoelanalyzes foar de stikstofgefoelige Natura 2000 - gebieten opsmiten. Dit binne analyzes wêryn 't stiet hoe 't it mei de natuer yn de Fryske Natura 2000 - gebieten giet. Foar in soad fan de Natura 2000 - gebieten yn Fryslân jildt dat ferdrûging, stikstof en ferstjoering foar problemen soargje. De ynformaasje út de NDA’s wurdt meinaam yn de ôfwaging foar it ferlienen fan in omjouwingsfergunning foar de Natura 2000-aktiviteit. Dit biedt de mooglikheid om yn yndividuele gefallen in beoardieling te meitsjen oer it al of net ôfjaan kinnen fan in fergunning. Hat in projekt mei ekstern saldearjen in effekt op in soart of habitat wêrmei 't it net goed giet, dan is fergunningferliening tige dreech.

Beweidzje en bedongje

As der sprake is fan beweidzjen of bedongje by jo projekt, dan moatte jo dat meinimme yn jo oanfraach. By de oanfraach moatte jo oantoane dat de perselen dy 't foar bedongjen en beweidzjen brûkt wurde, sûnt 10 juny 1994 lânboukundich yn gebrûk binne (ierste oanwisdata fan Natura 2000-gebieten ). Jo kinne dat saneamde ‘ agrarysk lângebrûk ’ fluch en maklik checke fia de tool.

Fia de knop ' hantlieding ' (ûnderoan de webpagina) krije jo útlis hoe't de tool wurket. Jo moatte it grûngebrûk per perseel neigean yn 1994 en 2021. De kaarten kinne jo oer de tool opslaan yn in PDF en jo moatte taheakje oan jo fergunningoanfraach. Dêrneist moatte jo yn it omjouwingsplan en de foarhinne jildende bestimmingsplannen nei gean of oangeande de perselen it beweidzje / bedongje sûnt 10 juny 1994 net beheind is. Bestimmingsplannen kinne jo opfreegje yn 'e gemeente dêr 't jo perselen yn lein binne. Dy moatte jo ek mei de fergunningsoanfraach mei stjoere. It hjoeddeiske omjouwingsplan is te rieplachtsjen fia it ûnderdiel ‘Regels op de kaart’ fan it Digitaal Stelsel Omjouwingswet (DSO).

Omjouwingsfergunning nedich?

In omjouwingsfergunning kinne jo fuort by ús oanfreegje. Miskien hawwe jo foar jo projekt ek oare tastimmingen nedich, bygelyks in omjouwingsfergunning foar in bouaktiviteit of in omjouwingsplanaktiviteit. Jo hawwe de mooglikheid om foar al dizze aktiviteiten yn ien kear in oanfraach yn te tsjinjen. Jo hawwe dan te krijen mei 1 proseduere en jo krije dan 1 besluten op jo oanfraach. Yn dat gefal kin it wêze dat de gemeente de oanfraach behannelet, mar wol yn ôfstimming mei de provinsje.

Online oanfreegje

Jo kinne in oanfraach yntsjinje fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omjouwingswet (DSO). Jo kieze dan foar ‘Oanfragen’. Yn stap 3 sykje jo op ‘Natura’. Dêrnei kinne jo kieze foar ‘Natura 2000-aktiviteit – Oanfraach fergunning’. De oanfraach wurdt troch it DSO by it juste befoege gesach yntsjinne. As jo allinnich in oanfraach yntsjinje foar in Natura 2000 - aktiviteit, dan hat de provinsje it foech. Freegje jo foar mear aktiviteiten yn ien kear omjouwingsfergunning oan? Dan kin de gemeente it foech hawwe. Foar de fergunningoanfraach is Digi-D of e-herkenning nedich. Slagget it jo net om de oanfraach online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 89 95.

Kosten

Op it momint dat jo by de provinsje in fergunningsoanfraach yntsjinje, binne jo de provinsje leezjes ferskuldige. Dat bedrach betelje jo oan de provinsje foar it brûken fan ús tsjinsten of produkten. De aktuele leezjesbedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.

Helpdesk stikstof en Natura 2000

Hawwe jo fragen oer stikstof, it AERIUS-rekkenprogramma, Natura -2000 of fergunningferliening yn it algemien? Dat kinne jo terjochte by de Helpdesk Stikstof en Natura 2000 BIJ 12. De helpdesk is alle wurkdagen fan 09.00 oant 12.00 oere telefoanysk berikber (085 - 486 25 90 ). Ek kinne jo in mail stjoere fia de webside.

Kontakt mei de provinsje 

Hawwe jo fragen oer jo eigen fergunning of projekt? Of hawwe jo nei it trochlêzen fan de ynformaasje op dizze side noch oare fragen of ûndúdlikheden? Nim dan kontakt mei ús op. Dit kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 59 25.

Mear witte oer it Stikstof belied yn Fryslân?