Stikstofregelingen

It Ryk en Fryslân wurkje gear oan de opjefte om de stikstofemisje te ferminderjen. Dêr binne ek regelingen en subsydzjes foar beskikber. Op dizze side lêze jo dêr mear oer.

Hawwe jo nei it lêzen fan dy ynformaasje fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25. Wy helpe jo graach.

Lanlike regelingen foar oankeap

It kabinet hat op 12 juny 2023 har oanpak pykbelesting presintearre. Underdiel fan dy oanpak binne twa stopset-regelingen (LBV+ en LBV) foar feehâlderijen. Meidwaan oan dy regelingen is frijwillich.

Wolle jo mear witte oer dy regelingen en oft jo bedriuw mooglik yn oanmerking komt foar ien fan dy regelingen? Sjoch dan op www.aanpakpiekbelasting.nl. Hawwe jo fragen oer dy regeling? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân.

- Kontakt (rvo.nl)

Subsydzjemodulen ferduorsuming stâl- en managementmaatregels, rjochte op it by de boarne tsjingean fan emisje.

Njonken de stopset-regelingen foar feehâlderijen dy't ûnder de oanpak pykbelesting falle, wurdt ek de subsydzjeregeling foar ynvestearringen yn ferduorsumjen foar feehâlderijlokaasjes nochris iepensteld foar dy groep ûndernimmers. De iepenstelling rint fan 21 oktober 2024 oant en mei 8 jannewaris 2025. Mear ynformaasje oer dy regeling fine jo op de webside. Ek kinne jo in webinar dêroer werom besjen: Webinar Sbv (youtube.com).

Maatregel Gebietsrjochte Beëindiging feehâlderijlokaasjes (MGB)

Dizze regeling is bedoeld as alternatyf foar de pykbelestersoanpak (LBV, LBV+ en Sbv), sadat ek bedriuwen mei in lytsere stikstofdeposysje gebrûk meitsje kinne fan in (parsjele) stopset-regeling. Bedriuwen moatte dan wol yn gebieten lizze dêr't wurke wurdt oan gebietsopjeften foar wetter en/of klimaat, lykas feangreidegebieten, beekdellingen, (hege) sângrûnen en oergongsgebieten om Natura 2000-gebieten hinne. Neffens ferwachting giet dy regeling begjin 2025 iepen.

Gjin provinsjale regeling foar oankeap

De provinsje Fryslân hat gjin oanfoljende regelingen foar de oankeap fan jo bedriuw. Mochten jo net yn oanmerking komme foar de hjoeddeistige lanlike regelingen, mar dochs plannen hawwe om jo bedriuw te beëinigjen, dan kinne jo dat by ús oanjaan. Wy nimme dan kontakt mei jo op.

Regeling provinsjale maatregels PAS-melders (RPMP 2024)

  • It Ryk is ferantwurdlik foar de legalisearring fan PAS-melders en moat dêrfoar stikstofromte beskikber stelle. Provinsjes kinne dêrnei in fergunning ferliene oan PAS-melders. De legalisearring fan PAS-melders rint lykwols muoisum. Dat hat twa oarsaken[KF4] :

    Stikstofromte lit op him wachtsje, en
  • Fergunningferliening is hast net mooglik troch de saneamde addisjonaliteitseask. Dy eask hâldt yn dat de delgong fan de stikstofdeposysje troch de frijkommen stikstofromte fan de saldojouwer net nedich wêze moat om fersmoarging fan Natura 2000-gebieten foar te kommen.

Dêrom wurdt no sjoen oft PAS-melders ek op in oare wize as mei stikstofromte legalisearre wurde kinne. De provinsje stribbet dernei om yn jannewaris 2025 trije subsydzjeregelingen op te stellen foar PAS-melders, dêr’t alternative wizen fan legalisearring mei finansiere wurde kinne. De regelingen kinne brûkt wurde foar:

  1. Omskeakeling nei in oar soarte fan bedriuwsfiering en/of ekstinsivearring;
  2. De reduksje fan stikstof troch bewiisde stikstofredusearjende techniken;
  3. Ferhuzing.

Goed om te witten: allinnich PAS-melders dy't in positive ferifikaasje út it legalisearringsprogramma foar PAS-melders wei hawwe, komme yn oanmerking foar dy subsydzje.

Ynvestearringsregeling Reduksje Stikstof

Op 2 oktober 2024 is de ‘Ynvestearringsregeling reduksje stikstof’ op 'e nij iepen gien fia: www.snn.nl/zakelijke-subsidie/reductie-stikstof. Dy regeling is bedoeld foar agraryske ûndernimmers yn Grinslân, Drinte en Fryslân om mooglikheden ta fermindering fan stikstofemisje yn harren bedriuw te ûndersykjen. Der is mei-inoar €1,5 miljoen beskikber foar subsydzje foar advyskosten foar de trije noardlike provinsjes. Eardere ûnderfining mei dy subsydzjeregeling lit sjen dat der grutte belangstelling foar is. Wy advisearje PAS-melders dêrom om nei iepenstelling daliks in oanfraach yn te tsjinjen. De subsydzje wurdt ferdield op folchoarder fan ynkommen fan folsleine subsydzje-oanfragen oant it momint dat it subsydzjeplafond berikt is.

Kontakt mei de provinsje Fryslân

De provinsje wurket oan de opjefte stikstof fia it Frysk Programma Lanlik Gebiet. Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryslan.frl/fplg.

Hawwe jo fragen oer stikstofregelingen of sjogge jo oare mooglikheden dy't jo graach beprate wolle? Bygelyks ferhuzing of it ophâlden mei jo bedriuw? Nim dan kontakt mei ús op fia stikstof@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25. Wy geane graach frijbliuwend mei jo yn petear.