Stimulearringsregeling Kultuer: Untwikkeling en Ynnovaasje
Profesjonele makkers en kulturele ynstellings dy’t warber binne yn Fryslân, kinne yn ’e beneaming komme foar in subsydzje út ’e regeling Stimulearringsregeling Kultuer – Untwikkeling en Ynnovaasje wei.
De regeling is opdield yn twa haadlinen: Untwikkeling en Utfiering. Op sa’n wize kin foar spesifike ûnderdielen wilens it kreative proses in oanfraach yntsjinne wurde. De measte regelings binne taspitst op íén ûnderdiel, bygelyks: it útfieren fan in teaterstik, mar fia dizze regeling kin ek in oanfraach yntsjinne wurde foar bygelyks in foarûndersyk of in pilotproduksje. Fierder biedt de regeling de mooglikheid om projekten troch te ûntwikkeljen nei in twajierrich programma. Troch te ynvestearjen yn kop en sturt, wolle Deputearre Steaten ta op in kwalitatyf heechweardich oanbod en profesjonalisearring fan makkers en kulturele ynstellings yn ’e provinsje Fryslân. Dêrby wurdt de fraach út it fjild wei, om te kommen ta spesifikere finansieringsmooglikheden, ek honorearre.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Tink derom! Jo oanfraach moat oer de post of by de baly fan it provinsjehûs oanlevere wurde.
Hjir kinne jo de subsydzjeregeling fine. Yn 'e subsydzjeregeling is opnommen wêr't de subsydzjeoanfraach oan foldwaan moat. Dêrnjonken is ek in taljochting op 'e regeling opnommen en binne de definysjes fan 'e kritearia nei te lêzen.
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo hjirfoar kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail nei provincie@fryslan.frl.
Line: ûntwikkeling
Foar in ynnovatyf keunstklimaat is it wichtich, dat makkers de romte krije om harrensels te ûntjaan en om nije dingen út te prebearjen. Mei de line Untwikkeling biedt Deputearre Steaten makkers en kulturele ynstellings de gelegendheid om in oanfraach yn te tsjinjen foar it dwaan fan in kursus, ûndersyk of pilotproduksje. Op sa’n wize wurdt tiid en romte bean foar groei, ferdjipping, ynnovaasje, eksperimint en ûndersyk. Yndachtich it sechje ‘ûndersykje alles en hâld it goede fêst’, binne wy fan betinken, dat in eksperimint ek wolris mislearje mei en kin.
Foar wa is de regeling ornearre?
- Makkers dy’t oantoanber oan ’t wurk binne yn ’e Fryske kultuersektor en dy’t ynskreaun steane by de Keamer Fan Keaphannel.
- Kulturele ynstellings (stichtingen en ferienigingen) dy’t festige of oantoanber warber binne yn Fryslân.
Undersyk en Pilotproduksjes
Dit ûnderdiel fan de regeling is sletten yn ferbân mei it berikken fan subsydzjeplafond.
Foar de ûnderdielen Undersyk en Pilotproduksjes is mei-inoar in bedrach fan 125.000 euro yn ’t jier beskikber. Dit ûnderdiel wurdt ien kear yn ’t jier iepensteld. De iepenstelling fan 2024 rint fan 1 febrewaris 2024 ôf en rint troch oant it subsydzjeplafond berikt is of slútdatum 30 septimber 2024. Oanfragen wurde neffens folchoarder fan ynkommen hifke. Oanfragen dy’t bûten de iepenstelde termyn yntsjinne binne, wurde net yn behanneling nommen.
Jo kinne op syn minst 2000 euro en op syn meast 10.000 euro subsydzje oanfreegje. De hichte fan it subsydzje is op syn meast 70% fan ’e subsidiabele kosten.
Kursus
It is yn 2024 net mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it ûnderdiel Kursus.
Line: Utfiering
Mei de line Utfiering biedt Deputearre Steaten kulturele ynstellings de gelegenheid om in oanfraach yn te tsjinjen foar it útfieren fan in kulturele produksje of in twajierrich programma.
Oanfragen yn it ramt fan ’e line Utfiering wurde nei in amtlike hifking foarlein oan ’e Advyskommisje Stimulearringsregeling Kultuer. Dy kommisje advisearret Deputearre Steaten oer de kwaliteit fan ’e oanfragen en it tapassen fan ’e kritearia troch de oanfreger yn ’e oanfraach. Oan ’e advyskommisje is de oprop dien om mei in iepen, fris, kritysk each te sjen nei de oanfragen en ’e meast ynnovative plannen te selektearjen.
Foar wa is de regeling ornearre?
- Kulturele ynstellings (stichtingen en ferieningen) dy’t festige of oantoanber warber binne yn Fryslân.
Kulturele Produksjes
Dit ûnderdiel wurdt net mear iepensteld.
It ûnderdiel Kulturele Produksjes wurdt twakear yn ’t jier iepensteld. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar it organisearjen fan in kulturele produksje yn ’e wiidste omfieming, tink bygelyks oan in teaterfoarstelling, tentoanstelling of in festival, op it mêd fan muzyk, byldzjende keunst, teater, film en animaasje, fotografy en dûns of in mingfoarm dêrfan.
As jo in oanfraach yntsjinje wolle yn it ramt fan it ûnderdiel Kulturele Produksjes, moat jo oanfraach oan acht kritearia foldwaan. Yn ’e subsydzjeregeling wurde de kritearia taljochte. Dêrnjonken is it fan belang, dat jo de kulturele produksje yn in tiid fan 18 moanne fanôf de datum fan it slúten fan de oanbelangjende iepenstellingsperioade útfiere en ôfslute.
Jo kinne op syn minst € 15.000 en op syn meast € 50.000 subsydzje oanfreegje. De hichte fan it subsydzje is op syn heechtst 50% fan ’e subsidiabele kosten. It subsydzjeplafond foar dizze regeling is € 335.000 yn ’t jier.
Programma
Dit ûnderdiel wurdt net mear iepensteld.
It ûnderdiel Programma wurdt íénkear yn ’e twa jier iepensteld. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar it organisearjen fan in programma om in beskaat tema hinne, dat bestiet út ûnderskate aktiviteiten lykas bygelyks kulturele produksjes, presintaasjes, ûndersyk, (ynternasjonale) útwikselings of in mingfoarm dêrfan. Fan belang is, dat it programma in logyske gearhing hat, de ferdjipping opsiket en in oanfolling is op ’e reguliere programmearring.
As jo in oanfraach yntsjinje wolle yn it ramt fan it ûnderdiel Programma, dan moat jo oanfraach oan njoggen kritearia foldwaan. Yn ’e subsydzjeregeling wurde de kritearia taljochte. Dêrnjonken is it fan belang, dat jo it programma yn in tiid fan 24 moannen nei’t de beskikking ôfjûn is, útfiere en ôfslute.
Jo kinne op syn minst € 15.000 en op syn meast € 100.000 subsydzje oanfreegje foar twa jier. De hichte fan it subsydzje is op syn meast 50% fan ’e subsidiabele kosten. It subsydzjeplafond foar dizze regeling is € 400.000.
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch ien fan ’e oanfraachformulieren te brûken. De oanfraachformulieren wurde foar it iepenstellen fan ’e regeling publisearre op ’e webside. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en ’e taheakken ta te foegjen. Jo kinne it formulier ynfolje op ’e kompjûter. Jo moatte dêrfoar it programma Acrobat Reader DC brûke. It bestân kin net yn ’e browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei help fan Acrobat Reader DC, ûndernimme jo de ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
- Folje de antwurden yn
- Printsje it formulier út
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar, dat alle taheakken dêr’t om frege is ek útprinte wurde
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.