Subsydzjeregeling ferduorsuming groepsakkommodaasjes Fryslân
Dizze regeling is sletten.
Hawwe jo in groepsakkommodaasje en hawwe jo subsydzje oanfrege tusken 3 jannewaris 2022 en 30 septimber 2023 by de RVO (Rijksdienst voor ondernemend Nederland) foar de ISDE subsydzje dy 't ornearre is foar de produksje fan duorsume enerzjy of oansluting op in waarmtenet? Dan kinne jo in oanfoljende subsydzje by ús freegje. De regeling fine jo hjir.
In subsydzje kin by ús yntsjinne wurde fan 15 febrewaris 2023 oant en mei 30 septimber 2023. It totale subsydzjeplafond dat beskikber is, is € 540.000, -.
It beskikbere bedrach wurdt ferdield op folchoarder fan ûntfangst fan de folsleine oanfragen.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Jo oanfraach dogge jo troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier ûnder oan dizze side.
De neikommende bylagen moatte meistjoerd wurde:
- in resint (net âlder as 3 moanne) úttreksel fan 'e keamer fan keaphannel;
- in positive subsydzjebeskikking op grûn fan de ISDE fan de RVO;
- in ynfolle de-minymisferklearring, dêr't út bliken docht dat it oanfrege bedrach alhiel of foar in part ferliend wurde kin sûnder dat sprake wêze sil fan oertreding fan de jildende foarskriften fan de Europeeske Uny oangeande de ferliening fan oerheidsstipe; (hjirûnder te downloaden);
- in ynfolle MKB-ferklearring, dêr 't út bliken docht dat de oanfreger in lytse ûndernimming is, lykas bedoeld yn 'e de-minymisferoardering;
- bewiisstikken dy't oantoane dat de oanfreger in groepsakkommodaasje eksploitearret, yn it gefal (dat de ûndernimming fan) de oanfreger net ynskreaun is yn de Keamer fan Keaphannel ûnder de SBI-koade 55.20.2; en
- in machtiging, yn it gefal dat de oanfreger in meiwurker of machtige is.
Wichtich om te witten:
Yn de regeling is in ynstânhâldingsferplichting opnommen. Dêryn stiet it folgjende: De subsydzjeûntfanger sil de groepsakkommodaasje nei it dwaan fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar ôfjûn is, konform it hjoeddeiske gebrûk as groepsakkommodaasje foar de doer fan fiif jier.
Subsydzjebedrach
Foar it berekkenjen fan de hichte fan de subsydzje, wurdt útgien fan de troch RVO ferstrekte subsydzje op grûn fan de ISDE en likegoed de hichte fan dy subsydzje mei in maksimum fan € 10.000, - per groepsakkommodaasje.
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch ien fan ’e oanfraachformulieren te brûken. De oanfraachformulieren wurde foar it iepenstellen fan ’e regeling publisearre op ’e webside. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en ’e taheakken ta te foegjen. Jo kinne it formulier ynfolje op ’e kompjûter. Jo moatte dêrfoar it programma Acrobat Reader DC brûke. It bestân kin net yn ’e browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei help fan Acrobat Reader DC, ûndernimme jo de ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC;
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’;
- Folje de antwurden yn;
- Printsje it formulier út;
- Undertekenje it formulier;
- Soargje derfoar, dat alle taheakken dêr’t om frege is ek útprinte wurde;
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.