Subsydzjeregeling biotoopferbettering greidefûgelgerslannen, maatregelpakket Natuer - Greidefûgels en Feangreide
Agraryske kollektiven dy't fêstige binne yn de provinsje Fryslân kinne fan 9 april 2025 oant en mei 3 juny 2025 subsydzje oanfreegje foar ynvestearringen yn/op lânbougrûn mei as doel it ferbetterjen fan it greidefûgelbiotoop (it leefgebiet fan de greidefûgel).
Binne jo lânboubouwer/grûnbrûker en hawwe jo ynteresse yn it ferbetterjen fan greidefûgelbiotoop, dan kinne jo kontakt opnimme mei it agrarysk kollektyf dat yn jo regio aktyf is. Sy kinne mei jo ferkenne wat de mooglikheden binne. Foar de kaart en kontaktgegevens fan de kollektiven, sjoch Collectieven | BoerenNatuur.
YInformaasje oer de subsydzjeregeling
Belangryk om te witten:
- Jo meie noch net begûn wêze mei it útfieren fan de ynrjochtingsmaatregels, foardat jo de oanfraach yntsjinje.
- De lokaasje dêr't de ynrjochtingsmaatregels útfierd wurde, lizze binnen of binne fan ynfloed op de begrinzing fan it leefgebiet Iepen greidlân dy't yn it Natuerbehearplan opnommen is.
- By de oanfraach is in ferklearring fan gjin beswier fan de eventuele erfpachter en / of de eigener oanwêzich.
- De ynrjochtingsmaatregels hâlde jo yn in tiidrek fan seis jier nei ferlienen yn stân.
- De subsydzje foar de ynrjochtingsmaatregels is rjochte op de neikommende neamde skaaimerken fan greidefûgelgerslân:
- genôch mooglikheden om te foerazjearjen (iten sykje), dekking en iepenheid (gjin beammen en opgeande begroeiïng);
- it gewaaks bestiet út krûderyk gers yn ûnderskate hichten en gearstalling;
- der is genôch rêst, salang't briedfûgels of piken gebrûk meitsje fan de (oanlizzende) perselen;
- der binne mooglikheden foar plas dras situaasjes en / of heech wetterpeil;
- (mikro)reliëf lykas natuerlike slinken, iggen, sleatten, greppels, leechtes, bolle gerslânekers (ekers) en sa;
- slinke, wâlskanten, sleatten en greppels hawwe in flau ôfrinnend talúd, wêrtroch't piken en folwoeksen fûgels oerstekke en foerazjearje kinne;
- ûnfersteurde boaiemprofilen (âld gerslân).
Iepenstelling subsidzjebedrach
It totaal beskikbere bedrach foar dizze subsydzjeregeling yn 2025 is € 1.587.000,-:
- Feangreide € 210.000,-
- Natuer € 1.377.000,-
Dêrby jildt dat wy gjin subsydzje mear jouwe as it subsydzjeplafond berikt is.
De hichte fan de subsydzje bedraacht maksimaal 100% fan de subsidiabele kosten. Allinnich werklik makke kosten binne subsidiabel. (Let op: kosten foar it opstellen fan it ynvestearringsplan en it begelieden fan de útfiering is maksimaal 10% fan de oanfrege subsidiabele kosten).
Wat is der nedich foar in oanfraach?
By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen de neikommende dokuminten nedich:
- In spesifisearre offerte;
- Ien of meardere topografyske kaarten mei in skaal fan op syn heechst 1:10.000 dêr't de grinzen fan it terrein foar oanfrege wurdt, is oanjûn;
- Ynvesteingsplan:
- Ferklaring(en) fan gjin beswier en oerienkomst brûkt, sjoch format ûnderoan dizze side;
- Uttreksel KvK (as fan tapassing statuten).
Hoe kinne jo subsydzje oanfreegje?
By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje.
Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning (foar stichtingen en ferieningen). Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Neidat jo mei DigiD of E-werkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.
Sjoch foar mear ynformaasje op Subsydzjes | Fryslan
Mear ynformaasje en fragen
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.