Subsydzjeregeling fêstiging en sirkulêr ûndernimmerskip Fryslân 2021-2022
Dizze regeling is sletten!
Tinke jo der oer nei om jo bedriuw yn Fryslân te fêstigjen of binne jo in Fryske ûndernimmer en wolle jo nije bedriuwsaktiviteiten yn Fryslân starte? De provinsje Fryslân wol duorsume groei graach stimulearje en stelt dêrom subsydzje beskikber foar nije bedriuwen en nije bedriuwsaktiviteiten fan Fryske bedriuwen dy 't bydrage oan de regionale sirkulêre ekonomy. Hjirfoar kinne jo fan 6 febrewaris 2023 oant en mei 28 desimber 2023 subsydzje oanfreegje.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Jo kinne subsydzje oanfreegje foar:
- Paragraaf 2.1. in projekt dat sjocht op it oprjochtsjen fan in nije ûndernimming mei in fêstiging yn Fryslân, troch de ûndernimming fan de oanfreger, wêrby ’t minimaal 5 nije FTE yn dizze fêstiging oannommen wurdt;
- Paragraaf 2.2. in projekt dat sjocht op:
a. it oprjochtsjen fan in nije ûndernimming mei fêstiging yn Fryslân, troch in ûndernimming dy't al in fêstiging hat bûten Fryslân, wêrby’t minimaal nije 5 FTE yn de nije fêstiging oannommen wurdt;
b. It ferpleatsen fan in besteande ûndernimming mei fêstiging fan bûten Fryslân, nei Fryslân ta, wêrby ’t minimaal 5 nije FTE yn de te ferpleatsen fêstiging oannaam wurde; - Paragraaf 2.3. In projekt dat sjocht op in diversifikaasje binnen in besteande fêstiging fan de ûndernimming fan de oanfreger yn Fryslân, dy 't bydraacht oan de transysje nei in sirkulêre ekonomy yn Fryslân.
Om derefter te kommen foar hokker paragraaf oft jo projekt yn ’e beneaming komt, ferwize wy nei it streamskema dat hjirûnder as taheakke te finen is.
Hichte fan 'e subsydzje
De hichte fan de subsydzje bedraacht op syn minst € 50.000 en op syn meast € 100.000. Foar paragrafen 2.1 en 2.2 wurdt subsydzje jûn op basis fan de nije wurkgelegenheid dy 't troch it projekt kreëarre wurdt. Subsydzjebydrage de FTE dy 't troch it projekt kreëarre wurdt giet oer € 10.000. Minimale FTE dy 't troch it projekt kreëarre wurdt giet om 5. Foar paragraaf 2.3 wurdt de subsydzjehichte beskaat troch de kosten dy 't it projekt mei him meibringt. Foar de kosteposten dy 't subsidiabel binne en it persintaazje fan de kosten ferwize wy nei de regelingstekst.
Oare ynformaasje
Sadree't it subsydzjeplafond berikt is, wurdt de regeling sletten. Foar de oare betingsten en de details fan de regeling ferwize wy jo nei de regelingstekst. Hawwe jo fragen oer de regeling? Nim dan kontakt op mei ien fan ús beliedsmeiwurkers. De gegevens dêrfan fine jo yn ien fan de oanfraachformulieren.
Foar fragen kinne jo ek altyd kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum. Dit dogge jo fia 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Yn de taheakke kinne jo it stroomskema downloade, dêr 't jo krekt yn ôflêze kinne hoe 't jo de subsydzje oanfreegje kinne. As it dokumint net tagonklik of lêsber foar jo is, kinne jo in tagonklikheidsmelding dwaan.