Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

Skoallen en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân kinne fan 31 maart oant en mei 13 juny 2025 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is €600.000,- beskikber. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030, wêryn’t wurke wurdt oan in sterke posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Deputearre Eke Folkerts: “De ôfrûne jierren binne skoallen en berne-opfanglokaasjes yn Fryslân drok dwaande west mei it ferbetterjen fan it oanbod Frysk, op in wize dy’t by har past. Mei de regeling wolle wy harren stypje dy ûntwikkeling troch te setten. Sa krijt aanst elk bern, fan pjut oant grut, de kâns om de Fryske taal te learen en te brûken.”  

 Frysk foar no en letter 

Alle sektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar fjouwer kategoryen: Skoalling of neiskoalling, Les- en lêsmateriaal, Kultueredukaasje en Frijroasterjen. In skoalle of berne-opfanglokaasje kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade.  

De subsydzjeregeling bestiet sûnt 2021. Ferline jier wie der ek €600.000,- beskikber ferdield oer fjouwer plafonds; dy fan Kultueredukaasje en Frijroasterjen wiene doe binnen in moanne oerfrege.   

Taalplan Frysk 2030

It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en berne-opfanglokaasjes. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Rijksuniversiteit Groningen, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern.