Subsydzjeregeling foar it opromjen fan drugsôffal 2022
Yn natuergebieten en rânen fan doarpen en stêden, wurdt geregeldwei ôffal efterlitten dat by it produsearjen fan syntetyske drugs oerbliuwt. It opromjen fan drugsôffal kin in soad jild kostje, benammen as bygelyks de grûn ûndersocht en sanearre wurde moat. Om dupearren kompensearje te kinnen yn ’e kosten, bestiet de provinsjale Subsydzjeregeling opromjen drugsôffal. It subsydzje wurdt sûnt 1 jannewaris 2022 út namme fan ’e provinsjes takend troch BIJ12.