Subsydzjeregeling foarkomme skea troch wolven provinsje Fryslân
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe in wolvegebiet fêststeld. Dit gebiet is oanwiisd, omdat Súdeast-Fryslân op grûn fan it tal skeameldingen en waarnimmingen fan wolven yn Fryslân de grutste kâns op wolveaktiviteit hat.
Jo kinne mooglik gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling “Foarkomme skea troch wolven”. Jo kinne op grûn fan in offerte subsydzje oanfreegje. Sa witte jo foar jo in wolfkearend stek oanskaffe oft jo de subsydzje krije of net. Ek kin der no subsydzje oanfrege wurde foar in wolfkearend stek foar skiep, geiten, kij, bargen, alpaca's, hynders en ponys in wolfkearende ôffreding oanfreegje
Hâlde jo skiep, geiten, kij, bargen, alpaca's, hynders en/of pony’s yn it wolvegebiet en wolle jo in fêst of ferpleatsber stek oanskaffe om skea troch de wolf foar te kommen? DS stelt yn totaal 450.000 euro beskikber.
De hâlders van dizze bisten moatte registrearre stean yn it Identifikaasje - en Registratiesysteem fan bisten.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
De subsydzje fan maksimaal € 20.000 wurdt jûn foar:
- It pleatsen fan in nij fêst wolfkearend stek of it útwreidzjen fan in besteand fêst wolfkearend stek;
- It ynsetten fan in wolfkearend stek sûnder automatysk oprolsysteem;
- It ynsetten fan in wolfkearend stek mei automatysk oprolsysteem by in groep fan minimaal 100 skiep en/of geiten of in groep fan minimaal 17 hynders, ponny’s of kij.
It stek moat foldwaan oan de easken fan de Fauna Schade Preventiekit module wolven, lykas publisearre troch BIJ 12.
De hichte fan de subsydzje is ôfhinklik fan de strekkende meters stek en/of it gemiddeld tal skiep, geiten, kij, hynders en/of pony’s dat de eigener it ôfrûne jier yn besit hie.
- Foar mear ynformaasje oer wolven yn Fryslân: Wolf in Fryslân | Fryslan
- It wizigingsbeslút
Wêre?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy 't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier ynfolje op de kompjûter. Jo hawwe dêrfoar it programma Acrobat Reader DC nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier troch de wei fan Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘ Ynfollen en ûndertekenje’
- Folje de antwurden yn
- Print it formulier út
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar dat alle befrege bylagen ek útprinte wurde
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de bylagen oer de post op nei de provinsje of leverje it yn by de baalje fan it provinsjehûs.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.