Subsydzjeregeling Keunstinstellingen Fryslân 2026-2028
Mei dizze regeling wolle Deputearre Steaten bydrage oan in fariearre, oantreklik en takomstbestindich netwurk fan profesjonele keunstorganisaasjes yn Fryslân, sa’t beskreaun is yn de nota 'Tosken yn in nije tiid': Cultuurnota Tosken yn in nije tiid 2025-2028 | Fryslan
Wêr kin ik de regeling fine?
De regeling kinne jo fine yn it provinsjaal blêd.
Wa kin subsydzje oanfreegje?
Kulturele ynstellingen binnen de profesjonele keunsten sûnder winstdoel. De primêre doelstelling fan de oanfreger leit op it mêd fan de keunsten, dat moat út de statuten bliken dwaan. Der kin op syn heechst ién oanfraach de ynstelling yntsjinne wurde foar it subsydzjetiidrek 2022-2028.
Hichte fan de subsydzje
It subsydzjeplafond bedraacht foar de perioade 2020-2028 € 10.332.900.
It heechste subsydzjebedrach dat ferliend wurde kin oan in ynstelling is € 1.587.000, rekkene oer de perioade 2026 oant 2028. It leechste te ferlienen subsydzjebedrach, ek rekkene oer de perioade 2026 oant en mei 2028, is € 90.000. Ynstellingen dy't yn de perioade 2021-2025 mearjierrige subsydzje krigen hawwe fan de provinsje, meie yn harren oanfraach op jierbasis net mear oanfreegje as 120% fan it subsydzjebedrach dat sy yn 2025 ûntfongen hawwe op grûn fan de subsydzjeregeling Musea en Keunstynfrastruktuer Fryslân.
Oanfragen kinne yntsjinne wurde fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 28 febrewaris 2025 17.00 oere.
Hoe freegje ik subsydzje oan?
Jo kinne subsydzje oanfreegje fia it digitale oanfraachformulier. As de regeling iepensteld is, fine jo it digitale oanfraachformulier op dizze side. Jo hawwe eHerkenning 2 + nedich om dat formulier yn te foljen. Mear ynformaasje oer eHerkenning en it oanfreegjen dêrfan fine jo op www.fryslan.frl/eherkenning.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach?
In folslein ynfolle en ûndertekene oanfraachformulier mei de neikommende ferplichte taheakken:
- Mearjierreplan 2026-2028 fan op syn meast tweintich siden yn op syn minst lettergrutte 10 en regelôfstân 1,0, op A 4 formaat, ynklusyf eventuele ôfbyldings;
- Underdiel fan it mearjierreplan is in taljochting op de tapassing fan de Governance Koade Kultuer, de Fair Practice Koade en de Koade Ynklúzje en Ferskaat;
- Begrutting 2021-2028 yn oerienstimming mei de dêrfoar ta beskikking stelde opset (útsplitst yn in organisaasjebegrutting, aktiviteitebegrutting en formaasjeberekkening en - tarekkening);
- Finansjele ferslachlizzing oer 2022 en 2023.
Oanfragen dy't net folslein binne, wurde net yn behanneling nommen.
Begruttingsmodel
Yn de regeling stiet dat foar it yntsjinjen fan de mearjierrebegrutting in standertformat fan de provinsje brûkt wurde moat. Op dizze wize krije wy alle nedige ynformaasje fan jo yn ien kear goed oanlevere. It format kinne jo by ús opfreegje fia provincie@fryslan.frl. In foarbyld (yn-pdf-formaat) fine jo hjir: begruttingsmodel.
Beoardieling troch advyskommisje
Oanfragen dy't oan alle formele easken foldogge wurde beoardiele troch de advyskommisje Keunstynfrastruktuer. Dy ûnôfhinklike advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer de oardering. Sy dogge dat mei in motivearre beoardieling op basis fan de beoardielingskritearia:
- Artistike en ynhâldlike kwaliteit;
- Maatskiplike betsjutting;
- Tagonklikens;
- Bedriuwsmjittige sûnens.
Jo kinne op syn heechst 10 punten it beoardielingskritearium helje. It profyl fan de ynstelling wurdt meinaam yn de beoardieling. Om dy reden is it mooglik dat de swiertepunten binnen de fjouwer kritearia fan inoar ferskille kinne.
De útwurking fan it beoardielingskader fine jo yn de taljochting by de regeling, sjoch provinsjaal blêd.
Fragen
Hawwe jo noch fragen oer de regeling, dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân, tillefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.