Subsydzjeregeling Natuer en Lânskipsbehear (SrNL) 2023
Natuerkollektiven en terreinbehearende organisaasjes dy 't grûn yn besit hawwe en dat beheare as natuer, komme yn oanmerking foar de Subsydzjeregeling Natuer en Lânskipsbehear (SrNL). Fan 15 novimber oant en mei 31 desimber 2022 is it mooglik subsydzje oan te freegjen foar it behearjier 2023.
Alle jierren stelle Deputearre Steaten fan Fryslân in budzjet iepen foar de Subsydzjeregeling Natuer en Lânskip. Dizze subsydzje is bedoeld foar grûnen dy 't yn it Natuerbehearplan fan de provinsje stean. Subsydzje kin oanfrege wurde troch in natuerkollektyf of terreinbehearende organisaasje.
Yn de provinsje Fryslân binne dat:
- Natuerkollektyf Fryslân
- Bosgroep Noord-Oost Nederland
- Feriening Noardlike Fryske Wâlden
- It Fryske Gea
- Natuurmonumenten
- Staatsbosbeheer
Wêr is de subsydzje foar?
De gebieten en natuertypen dêr 't de kollektiven subsydzje foar oanfreegje kinne stean yn it natuerbehearplan fan de provinsje. De subsydzje bestiet út in fêststeld bedrach foar elk natuerbeheartype. Dit bedrach is basearre op de kosten foar it nimmen fan de gongbere behearmaatregels foar it yn stân hâlden fan it natuerbeheartype. Dêrneist kinne ferskate taslaggen ta de mooglikheden hearre.
Oanfraachperioade
Oanfragen foar de iepenstelling foar it behearjier 2023 kinne fan 15 novimber oant en mei 31 desimber 2022 yntsjinne wurde. Dêrfoar is it nedich in oanfraachformulier yn te foljen. Wolle jo it formulier leaver printe en ynfolje? Dan kinne jo dit formulier brûke.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klant Contact Centrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.