Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân
Dizze regeling is op dit stuit sletten.
Binne jo ynskreaun yn de Keamer fan Keaphannel, fêstige yn de provinsje Fryslân en hawwe jo in kânsryk inisjatyf om oan yntsjinningseasken fan in Europeesk subsydzjeprogramma foldwaan te kinnen? Dan komme jo mooglik foar subsydzje yn oanmerking. Fan 22 maart 2024 ôf oant en mei 20 desimber 2024 is de Subsydzjeregeling Ondersteuning Europese projectontwikkeling Fryslân iepen.
Yn totaal is der foar dizze perioade € 530.000,- beskikber.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Om yn oanmerking te kommen foar dizze subsydzje, moatte jo in posityf advys krigen hawwe fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân. Dêrfoar kinne jo kontakt opnimme mei Anne Henk Bloemhoff (programmasekretaris EPF ), e-mail: annehenkbloemhoff@europapact.frl. Sadree't jo in posityf advys krigen hawwe, kinne jo by ús subsydzje oanfreegje.
Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach:
- eHerkenning 2 + eHerkenning | Fryslan;
- Posityf advys fan de programmamanager of de beoardielingskommisje fan Europa Pact Fryslân mei help fan it ynfolle beoardielingsformulier;
- In begrutting of in offerte;
- De-minimisferklearring (allinnich fan tapassing by de folgjende aktiviteiten: projektûntwikkeling en flagship projekt);
- In machtigingsformulier as jo út namme fan in oar oanfraach dogge.
Komme jo der net út mei it oanfreegjen fia eHerkenning? Wolle jo ús dan belje? Dan stjoere wy in oanfraachformulier nei jo op.
Lêze jo de regeling om te sjen foar hokker ûnderdielen der subsydzje oanfrege wurde kin. It is belangryk dat de aktiviteit dêr't jo foar freegje, noch net folslein útfierd is.
Subsydzjebedrach
De subsydzje bedraacht 100% fan de reële kosten.
Foar elke aktiviteit jilde de neikommende maksimale bedraggen:
- De subsydzje foar in projektcoach, lykas neamd yn kêst 3 lid 1 bedraacht maksimaal € 2.500, -.
- It subsydzje foar projektûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3 lid 2 bedraacht maksimaal € 15.000, -.
- De subsydzje foar netwurkûntwikkeling, lykas neamd yn kêst 3 lid 3 bedraacht maksimaal € 30.000, -.
- De subsydzje foar flagship projekten, lykas neamd yn artikel 3 lid 4 bedraacht maksimaal € 40.000, - foar in projektlieder en maksimaal € 25.000, - foar in wurkbudzjet.
Subsydzje oanfreegje
Jo kinne jo oanfraach digitaal yntsjinje troch ûndersteand formulier yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hawwe jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Nei't jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.