Subsydzjeregeling ûnôfhinklik advys boeren Aldeboarn - De Deelen
Op dit stuit is de regeling sletten. Der wurdt wurke oan in nije iepenstelling, sadat jo meikoarten gebrûk meitsje kinne fan de mooglikheid om ûnôfhinklik advys yn te winnen.
Agraryske ûndernimmingen dy 't oantoanber agraryske wurksumheden dogge of fêstige is yn it gebiet De Deelen, kinne subsydzje oanfreegje foar it opstelle litten fan in advys fan in eksterne saakkundige.
De subsydzje kin yntsjinne wurde fan 1 jannewaris 2023 oant en mei 1 july 2024. It plafond is € 180.000, -.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
In subsydzje kin jûn wurde foar in advys dat giet oer ien fan de folgjende ûnderwerpen:
- wat natuerynklusive lânbou betsjut foar de bedriuwsfiering fan de oanfreger;
- hoe’t de oanfreger natuerynklusive lânbou ynpasse kin yn syn bedriuwsfiering;
- de transysje nei natuerynklusive lânbou en hoe dêr mei om te gean.
Jo meie twa kear in oanfraach yntsjinje foar dizze regeling. Dêrby moat it wol gean om twa ferskillende advizen.
Tink derom: De subsydzje sil streekrjocht útbetelle wurde oan de eksterne saakkundige dy 't yn de oanfraach opnommen is.
Hokker betingsten der steld wurde, kinne jo fine yn de Subsydzjeregeling ûnôfhinklik advys foar boeren Aldeboarn - De Deelen. Ek kinne jo in kaart fan it gebiet Aldbeoarn - De Deelen yn dizze regeling fine.
Subsydzjebedrach
It subsydzje bedraacht € 1.500, - de oanfraach. By jo oanfraach stjoere jo yn alle gefallen in spesifisearre offerte mei fan de eksterne saakkundige foar it útbringen fan it advys.
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC;
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’;
- Folje de antwurden yn en ûndertekenkje it;
- Sla it op en stjoer it mei de taheakken nei provincie@fryslan.frl (net nei in oar emailadres, dan wurdt it net yn behanneling naam)
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei it Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.