Subsydzjeregeling werbestemme besteande gebouwen nei selsstannige wenromte Fryslân
Wa kin in subsydzje oanfreegje?
Binne jo eigener fan in gebou binnen besteand beboud gebiet of eigener fan in karakteristike pleats bûten besteand beboud gebiet? Dan kinne jo mooglik subsydzje oanfreegje foar it op ' en nij bestegjen fan dit gebou nei nije selsstannige wenromte of flekswenromte. Fan 18 maart 2024 oant en mei 31 desimber 2024 wurdt de subsydzjeregeling iepensteld.
Yn totaal is der in bedrach beskikber fan € 410.000,-.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Om foar subsydzje yn oanmerking te kommen moatte jo op it momint fan oanfragen yn alle gefallen eigener fan it gebou wêze. Fierder moat it gebou dêr't jo de subsydzje foar oanfreegje noch net oanmurken wêzen as wenromte. Jo moatte oantoane dat de foarnommen aktiviteit liedt ta it realisearjen fan selsstannige wenromte. Wy freegje fan jo ek in skriftlike ferklearring fan de gemeente dat dy ree is om meiwurking te jaan oan de transformaasje nei selsstannige wenromte.
It is belangryk dat jo noch net begûn binne mei de feitlike bouwurksumheden. Dat kinne jo pas dwaan nei 't de oanfraach yntsjinne is.
Der binne twa ferskillende oanfraachformulieren. Haadstik 2 is bedoeld foar Werbestemmen binnen besteand beboud gebiet (wenromte en flekswenromte) Haadstik 3 foar Werbestemmen karakteristike gebouwen bûten besteand beboud gebiet. It is belangryk om it goede oanfraachformulier te brûken.
Besteand beboud gebiet kinne jo sa kontrolearje:
- Ruimtelijkeplannen.nl
- plannen zoeken
- zoek op plannaam of nummer
- zoekwoorden romte fryslân
- kies Verordening Romte Fryslân 2014 geconsolideerd (2021-03-23)
Mear ynformaasje oer de betingsten dêr't jo oan foldwaan moatte kinne jo fine yn de regeling en de taljochting op de regeling.
Subsydzjebedrach
It subsydzjebedrach is € 15.000, - foar elke nij te realisearjen selsstannige wenromte mei in maksimum fan € 60.000, - it gebou.
Wêr?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
- Folje de antwurden yn
- Printsje it formulier
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar dat alle taheakken, dy’t frege wurde, ek printe wurde
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje of leverje it by de baly fan it Provinsjehûs yn.
Mear ynformaasje
Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.
Oanfraachformulieren
Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.