Subsydzjeregeling Ynternasjonaal Undernimme Fryslân
Dizze regeling is sletten!
Op 22 maart 2022 hawwe Deputearre Steaten op én nij € 350.000, - iepensteld foar de Subsydzjeregeling Ynternasjonaal Undernimme Fryslân. Doel fan it subsydzje is it stimulearjen fan de eksportaktiviteiten fan it Fryske MKB.
Binne jo mkb’er mei in eksportwinsk? Dan is it fan 4 april oant en mei 29 desimber 2023 mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it yn tsjinst nimmen fan in eksportmeiwurker. In prestaasjesubsydzje kin beskikber steld wurde foar de leankosten fan it yn tsjinst nimmen fan in nije eksportmeiwurker foar op syn minst 24 oeren yn ‘e wike foar op syn minst 12 moanne.
Wichtichste betingsten:
- de eksportmeiwurker mei yn de 12 moanne dy’t oan de datum fan ûntfangst fan de oanfraach foarôf gien binne net by de ûndernimming fan de oanfreger wurke hawwe, yn wat foar funksje dan ek. Dêr falt ek ûnder detasjearring of it fia in útstjoerburo yn tsjinst nimmen. It oanlûken fan in nije meiwurker kin earst úteinsette nei it yntsjinjen fan de oanfraach;
- De eksportmeiwurker dy’t yn tsjinst nommen wurdt, ferrjochtet syn yn de arbeidsoerienkomst neamde oeren folslein te’n geunste fan de oanfreegjende ûndernimming;
- it troch de eksportmeiwurker út te fieren wurk hat as doel direkt of yndirekt in bydrage te leverjen oan de ynternasjonalisearring fan de oanfreegjende ûndernimming.
Tink derom: It subsydzje wurdt wegere as der oangeande de subsidiabele kosten fan de aktiviteit ferplichtings oangien binne fóár de ûntfangst fan de oanfraach.
Besjoch de subsydzjeregeling Ynternasjonaal Undernimmen Fryslân.
Subsydzjehichte
It prestaasjesubsydzje bedraacht:
a. Yn gefal de yn tsjinst te nimmen eksportmeiwurker in smoarch moannelean fertsjinnet fan minder as € 3.000,- : € 5.000,-
b. Yn gefal de yn tsjinst te nimmen eksportmeiwurker in smoarch moannelean fertsjinnet fan € 3.000,- of mear: € 10.000,-.
Oanfreegje
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it ûndersteand oanfraachformulier. It is wichtich it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken ta te foegjen. Jo kinne it formulier op de kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo ûndersteande stappen:
- Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
- Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
- Folje de antwurden yn
- Printsje it formulier
- Undertekenje it formulier
- Soargje derfoar dat alle taheakke dêr’t om frege wurdt ek printe wurde.
- Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje:Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân o.f. ôfdieling Subsydzjes, Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei subsidies@fryslan.frl.