Taal fan it hert

It Frysk spilet in wichtige rol yn ‘e provinsje. It is de memmetaal fan mear as de helte fan alle ynwenners en yn it deistich libben nimt it in belangryk plak yn. It Frysk wurdt op in soad plakken brûkt. Yn de supermerk, op skoalle, by de dokter, op de sportfjilden; oeral komst it Frysk tsjin. It is de taal fan thús, dêr’tst yn lakest of lilk yn bist. Frysk is de taal dy’t foar Friezen tichteby it gefoel stiet. It is de taal fan it hert.

It boekje Taal fan it hert fertelt it ferhaal fan de posysje fan de Fryske taal. Tink bygelyks oan it Frysk yn it ûnderwiis en it brûken fan it Frysk yn de frije tiid. It boekje is nijsgjirrich foar Friezen likegoed as foar net-Friezen. Provinsje Fryslân stelt it boekje fergees beskikber yn fjouwer talen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk. Neist it boekje is der ek in app. Yn de Taal fan it hert-app is oanfoljend materiaal te finen oer ûnderwerpen yn it boekje. Ek befettet de app in GPS-kuierrûte troch Ljouwert. De rûte giet plakken en ikoanen mei in grutte betsjutting foar it Frysk by del.

Wolle jo in eksimplaar fan it boekje Taal fan it hert ûntfange? Folje dan it formulier hjirûnder yn. NB: De hjoeddeiske útjefte fan de boekjes is ferâldere. Der wurdt hurd wurke oan in nije ferzje.

Jo kinne fansels de app Taal fan it hert ek downloade op jo mobile telefoan fia de App Store en Google Play.

Freegje it boekje Taal fan it hert oan

Status toegankelijkheidslabel van Taal fan it Hert. Volg de link voor de volledige toegankelijkheidsverklaring.