In goed wurkjende arbeidsmerk is wichtich foar de takomst fan Fryslân. In arbeidsmerk mei genôch goed oplaat en kwalifisearre personiel, dêr't elkenien dy't meidwaan wol, yn meidwaan kín. Dat begjint by goed ûnderwiis.

In libben lang ûntwikkelje

De provinsje makket him sterk foar ûnderwiis op alle nivo's, wêrby't ûnderwiisynstellings yn ’e hiele provinsje goed mei-inoar oparbeidzje en op inoar oanslute. Om wurknimmers har bliuwend (troch)ûntwikkelje litte te kinnen, is in nauwe ferbining nedich tusken oerheden, ûnderwiis en de arbeidsmerk. Wy binne dwaande mei in Ûnderwiisakkoart Fryslân (ÛAF), dêr’t Fryske MBÛ-, HBÛ- en WÛ-ynstellings mei-inoar yn wurkje oan tema’s as Wettertechnology, High Tech Systems & Materials (HTSM), Maritime technology, Agro-food, Sirkulêre materialen en Gastfrijheidsekonomy.

In Ryksuniversiteit yn Fryslân

Sûnt it iepenjen fan RUG Campus Fryslân yn 2018 hat ús provinsje wer in universiteit. De alfde fakulteit fan ’e Ryksuniversiteit Grins is in ferfolch op University Campus Fryslân I, in netwurkuniversiteit fan meardere partners. De provinsje stipet RUG Campus Fryslân finansjeel yn ’e opboufaze.

De nije kampus is fan grutte wearde. Wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk soarget nammentlik foar wichtige kennis foar de mienskip en it Fryske bedriuwslibben, en it oanlûken en behâlden fan mear heger oplate minsken yn Fryslân. No kin fan pjut oant promovendus ûnderwiis krigen wurde yn ús provinsje.

Een groot gebouw met ramen met ronde bogen aan de bovenkant.

Om it trochstreamen fan jongerein út it Fryske fuortset ûnderwiis wei nei Frysk universitêr ûnderwiis te stimulearjen, stelt de provinsje sûnt 2018 alle jierren de Subsydzjeregeling Universitêr ûnderwiis Fryslân iepen. Dy regeling is spesjaal foar Fryske studinten dy't harren ynskriuwe wolle foar de bacheloroplieding Global Responsibilty & Leadership fan it University College fan ’e RUG Campus Fryslân. In lytsskalige, yntinsive oplieding mei heger kolleezjejild as reguliere WÛ-opliedings.

Kennisaginda Fryslân 2019 – 2025

Oparbeidzje en oansluting yn it ûnderwiis binne net de iennige easken foar in goed funksjonearjende arbeidsmerk. It is wichtich dat it ûnderwiis meibeweecht mei wat de Fryske ekonomy freget, sadat wurkjende minsken kennis en feardichheden hawwe dy't nedich binne foar nije ûntwikkelings, no en yn 'e takomst.

De provinsje, gemeente Ljouwert en Fryske kennisynstellings wurkje dêrom mei-inoar op yn in Kennisaginda. Yn dy aginda steane kânsen en útdagings fan ús regio en hoe't wy dêryn ynvestearje troch op it doel rjochte opliedings oan te bieden. It útgongspunt is dat de ynvestearrings yn kennisgebieten bydrage oan ekonomy en leefberens. Tink bygelyks oan mear ekonomyske groei, in sterkere beweging rjochting duorsumens of in ekstra ympuls foar de leefberens.

De Kennisaginda spilet in rol as de minister fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip nije opliedings beoardielet. By oanfragen fan nije opliedings ferwize wy nei dy aginda en wurdt dêr by de toetsing rekken mei hâlden. De kennisgebieten binne opdield yn ‘Spearpunten’, ‘Merknysjes’, en ‘Kânsrike eksperiminten’.

Spearpunten

  1. Agrofood
  2. Wettertechnology
  3. HTSM (High Tech Systems and Materials)
  4. Hospitality

Marktnysjes

  1. Meartaligens
  2. Maritime sektor
  3. Cybersafet

Kânsrike eksperiminten

  1. Duorsum bouwe
  2. Soarchynnovaasje
  3. Fitaal sûn
  4. Kultuer / legacy 2018

Sykje jo mear ynformaasje of sifers oer ûnderwiis yn relaasje ta de Fryske arbeidsmerk?Besjoch dan ús ynteraktive dashboards en factsheets. Besjoch bygelyks de Onderwijsmonitor oer it Fryske ûnderwiis en de factsheet Arbeidsmarkt oer de ûntwikkelingen op de arbeidsmerk.