Universitêr ûnderwiis Fryslân

Dizze regeling is sletten.

Studinten út Fryslân dy’t yn Ljouwert oan it University College fan de RUG Campus Fryslân de bacheloroplieding ‘Global Responsibility and Leadership’ dwaan sille, kinne op grûn fan dy regeling subsydzje oanfreegje foar it earste ûnderwiisjier fan harren stúdzje. De regeling is iepen fan 3 april oant en mei 10 oktober 2023. Foar de (sechsde) iepenstelling yn 2023 jilde net deselde maksimum bedragen as yn 2022. De regeling wurdt ôfboud. Der kin no allinnich foar it earste stúdzjejier subsydzje oanfrege wurde. (Yn eardere iepenstellingen foar 3 ûnderwiisjierren).

Doelgroep 

It subsydzje hat as doel om de trochstreaming te stimulearjen út it Fryske fuortset ûnderwiis wei nei it University College fan Ryksuniversiteit Grins Campus Fryslân.

Dy’t it earst yn ’e roef is, hat kâns fan plak

It subsydzjeplafon is € 25.000,-. Nei’t it subsydzjeplafon berikt is, kin gjin subsydzje mear jûn wurde. Dy’t it earst in folsleine oanfraach yntsjinnet dy’t oan de betingsten foldocht, is ek it earst oan bar by it ferdielen fan it subsydzjejild.   

Hichte fan de subsydzje

It subsydzjebedrach foar it earste stúdzjejier is €1.600,- . Foar studinten dy’t earder ynskreaun west ha by in HBO- of WO-ûnderwiisynstelling jildt in heger subsydzjebedrach.

Let op: Ast yn it earste jier ophâlst mei de stúdzje, moatte je in part fan de subsydzje werombetelje! Hoefolle je dan werombetelje moatte wurdt berekkene nei rato fan it oantal moannen dat je ynskreaun stiene. Dit stiet yn kêst 11.

Betingsten

Lês de regeling Universitêr ûnderwiis Fryslân om te besjen ofst oan de betingsten fan kêst 8 foldochst. As dat sa is, kinst it oanfraachformulier ynfolje en opstjoere of ynleverje by de baly fan it provinsjehûs. Soargje dat it oanfraachformulier folslein ynfolle is en ferjit de befrege bylagen net.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinst belje mei de ôfdieling Subsydzjes op telefoannûmer 058-292 59 25. It mailadres is provincie@fryslan.frl.