Natuerbehearplan 2023
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 10 oktober 2022 it Natuerbehearplan Fryslân 2023 en de Reactienota NBP Fryslân 2023 fêststeld.
Wat stiet yn it natuerbehearplan?
Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten hjirfoar binne.
Digitale kaart
Dizze kaart jout in yndikaasje oer de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer - en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de leefgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op langere termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân 2023 kinne jo dêr mear oer lêze.
As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knop “Content” (boppe) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de behearsipkaart ek noch de ambysjekaart, agraryske sykgebiedekaart en alle wizigingen oangeande it foarige plan ynsjen.
Berop yntsjinje
Binne jo it net iens mei it nommen beslút of de wjerjeften op de digitale kaarten. Dan kinne jo fan 14 oktober oant en mei 24 novimber 2022 in beropskrift yntsjinje tsjin it Natuerbehearplan Fryslân 2023. Jo kinne in beropsskrift yntsjinje wannear’t:
• jo in sjenswize yntsjinne hawwe op it ûntwerp Natuerbehearplan 2023, of;
• jo kinne oantoane dat jo troch omstannichheden gjin sjenswize op it ûntwerp-Natuerbehearplan 2023 yntsjinje koene, of;
• de wizigingen nei oanlieding fan in yntsjinne sjenswize in negatyf effekt foar jo hawwe.
In beropskrift kinne jo yntsjinje fan 14 oktober oant en mei 24 novimber 2022 by de Rjochtbank Noard-Nederlân ôfdieling bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD Grins. Yn it beropskrift moatte jo yn alle gefallen oanjaan:
- Jo namme en adres;
- De datum dêr ’t jo it beropskrift op yntsjinje;
- In omskriuwing fan it beslút dêr ’t jo in berop tsjin yntsjinje;
- Wêrom ’t jo it berop yntsjinje.
Mear ynformaasje
Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer- en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl. Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.
Documenten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.