Útfieringsregeling natuerynklusive eksperiminten Fryske feangreide

Foar de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte is in oerkoepeljende subsydzjeregeling Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw Noord-Nederland fêststeld, dêr’t algemiene rjochtlinen yn opnommen binne. Dy kinne neffens gebiet útwurke wurde yn in oergongsregeling. Op dit stuit is foar Fryslân íén útfieringsregeling iepensteld, nammentlik: de Uitvoeringsregeling natuurinclusieve experimenten Friese veenweide

Agraryske ûndernimmers yn it Fryske feangreidegebiet, dy’t dwaande binne mei natuerynklusive projekten, kinne dy uitvoeringsregeling brûke. Oanfreegje kin fan 1 april oant en mei 31 desimber 2021. Op ’e webside fan ’e provinsje Grinslân is mear ynformaasje te finen oer de regeling en de procedure en kin jo oanfraach yntsjinne wurde.