Útjaan fan Frysktalige literatuer
Fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 (earste iepenselling) en fan 3 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025 (twadde iepenstelling) is it mooglik om subsydzje-oanfragen yn te tsjinjen foar it útjaan fan Frysktalige boeken. It kin gean om printe boeken, om digitale boeken mar ek om audio- of harkboeken. It subsydzjeplafond is € 75.000,-.
De betingsten kinne jo lêze yn paragraaf 2.6 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân 2025Yn dizze regeling kin in útjouwerij of in (streektaal)organisaasje subsydzje oanfreegje foar boeken yn de Fryske taal dy’t sy binnen ien jier útjaan sille.
Subsydzje oanfreegje
Jo kinne digitaal in oanfraach yntsjinje.
It formulier ûndertekenje jo mei e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer de regeling Útjaan fan Frysktalige literatuer kinne jo kontakt opnimme mei ús 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo eHerkenning nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.