Van de Nadort waarnimmend boargemaster Waadhoeke
Yn it provinsjehûs yn Ljouwert hat kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok jûn de hear N.A. van de Nadort beëdige as waarnimmend boargemaster fan de gemeente Waadhoeke. Van de Nadort (PvdA) folget frou M.C.M. Waanders op dy't op 11 maart per direkt har taken dellei omdat se ûngenêslik siik is. Van de Nadort is no noch boargemaster fan Weststellingwerf. Hy begjint op 14 april yn Waadhoeke.

It beslút om in waarnimmer te beneamen is naam yn nau oerlis mei de gemeenteried fan Waadhoeke. De ried hie de foarkar útsprutsen foar in opfolging op de koartst mooglike termyn.
Kommissaris fan de Kening Brok: ”It ûnferwachte fuortfallen fan boargemaster Waanders hat in grutte ympakt op ynwenners, meiwurkers en it polityk bestjoer fan Waadhoeke. Van de Nadort hat in soad ûnderfining en is thús yn it Fryske bestjoer. Hy is by steat om op passende wize rjochting te jaan oan de takomst. Ik bin tankber dat Van de Nadort de helpende hân tastekt om Waadhoeke troch dizze drege tiid te loadsen. It docht goed te sjen dat Fryske boargemasters foar elkoar klear steane.”
De oanstelling fan Van de Nadort is foar langere termyn. Nei de gemeenterieds-ferkiezings takom jier sil Brok mei de nije ried om tafel om te sjen hoe no fierder.
Van de Nadort wie yn Weststellingwerf dwaande oan syn twadde amtstermyn. Hy sil nei it waarnimmerskip mei pensioen en net as boargemaster weromkeare nei Weststellingwerf. Earder wie hy boargemaster yn Ten Boer en wethâlder yn Steenwijkerland.
Brok realisearret him dat it yn Weststellingwerf as in abrupt ôfskied ûnderfûn wurde kin. Hy giet der tegelikertiid fanút dat der sjoen de bysûndere omstannichheden begryp wêze sil. Weststellingwerf is neffens Brok in polityk stabile gemeente wat dizze oergong mooglik makket. Ynkoarten sil hy mei de gemeenteried yn petear oer de opfolging fan Van de Nadort yn Weststellingwerf.