Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing wurdt iepensteld

De leden fan de advyskommisje foar de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing 2024 binne troch provinsje Fryslân beneamd. Untwerpers en foarmjouwers kinne har fan ôf 18 july foar dizze priis oanmelde dy't foar de 12e kear útrikt wurdt. Oanmelde kin oant en mei 1 septimber 2024.

De Vredeman de Vriespriis wurdt alle jierren útrikt; it iene jier foar arsjitektuer en it oare jier foar foarmjouwing. De kommisje fan 2024 mei him yn de kategory Foarmjouwing ferdjipje. De priis is in inisjatyf fan de provinsje en wurdt organisearre troch Keunstwurk, kennissintrum foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst.

De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Hy wie arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner en is yn 1527 yn Ljouwert berne.

Advyskommisje

In advyskommisje beoardielet de ynstjoerings op ûntwerpproses, it idee efter it ûntwerp, byldzjende kwaliteit en oft it te produsearjen is. De advyskommisje bestiet fan 't jier út fiif leden:

  • Volken de Vlas, ûntwerper en produsint fan byldzjend wurk en designprodukten;
  • Arnout Meijer, skriuwer, ûntwerper en produsint fan design, keunst, en arsjitektuer;
  • Lisa Sportel, ûntwerper en dosint grafysk ûntwerp en konsept oan Academie Minerva; 
  • Bert Looper, histoarikus en publisist fan boeken en artikels oer keunst, design en skiednis;
  • Debbie Wijskamp, ûntwerper en produsint fan mei hân de makke ynterieurprodukten en eigener fan in atelierromte en galery.

Priisútrikking

De priisútrikking is op 11 desimber 2024. Alle foarkommende dissiplinen fan ûntwerpen en foarmjouwing komme foar de priis yn oanmerking. De advyskommisje nominearret de ynstjoerings en draacht de priiswinner foar oan Deputearre Steaten. De winner ûntfangt in oarkonde en in bedrach fan €5000,-. Dêrneist binne der fiif bedraggen fan €500,- beskikber foar earfolle fermeldingen.

Mear ynformaasje oer de priis en oer it dielnimmen stiet op de webside fan Keunstwurk, dy't de priisútrikking organisearret: www.keunstwurk.nl.

Een ruimte waar allemaal objecten en kunst liggen.
Foto: Erikjan Koopmans.

.