Wannear fierst hokker soarte ferljochting?
Goede autoferljochting hâldt yn dat it technysk yn oarder is, mar ek datst de ferljochting yn de ûnderskate (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes goed brûkst. Yn dit artikel kinst lêze wannear ast hokker soarte ferljochting fiere moatst en wêrom ast dat dwaan moatte soest.
Oerdeis fierst deirydferljochting of dimljocht
Sûnt 2011 hawwe nije auto’s standert deirydferljochting, ek wol ôfkoarte as DRL (Daytime Running Lights). Oerdeis skeakelje auto’s automatysk de deirydferljochting yn. Wat in soad minsken lykwols net witte, is dat allinne de koplampen dan brâne. De efterljochten bliuwe út, wêrtroch’tst minder goed sichtber bist foar oare ferkearsdielnimmers. Yn ‘e stêd is dat noch wol te oersjen, mar benammen yn lanlike provinsjes lykas Fryslân kin dat op smelle bûtendykjes ferfelend wêze.
It wurdt benammen gefaarlik as de waarsomstannichheden minder wurde. Rein, hagel of mist wurdt net altyd troch ljochtsensoaren werkend. It is dêrom better om by rein en mist mei de hân foar it dimljocht te kiezen.
Hat dyn auto gjin automatysk ynskeakele ferljochting? Dan hast gjin deirydferljochting as opsje. Skeakelje oerdeis dan it dimljocht yn. Dat is net wetlik ferplichte, mar út in ûndersyk fan de ANWB docht bliken dat it wichtich is om ek oerdeis de ljochten oan te hawwen. As alle automobilisten oerdeis har ljochten oandogge, dan kinne wy alle jierren 30 minskelibbens rêde en 500 earnstich ferwûnen yn it ferkear foarkomme.
Dimljocht by rein, hagel, lichte mist of snie
Dimljocht is de ferljochting dy’tst standert brûke moast as it tsjuster is. Do setst dyn dimljocht oerdeis ek oan, benammen as it sicht minder is troch mist, hagel, rein of snie. By ynskeakele dimljocht brâne de koplampen, efterljochten en de kentekenplaatferljochting.
By mist fierst mistljochten
In mistlampe jout tige fel ljocht, sadatst ek yn in mistbank sichtber bist. Meist dy ljochten net yn oare situaasjes fiere, omdat se dan foar oare ferkearsdielnimmers ferfelend binne. It mistljocht foar skeakelest yn by in sicht fan minder as twahûndert meter, de mistlampen efter meie allinne ynskeakele wurde as it sicht troch mist of sniefal minder as fyftich meter is.
Grutljocht yn ‘t tsjuster, sûnder oar ferkear
It grutljocht soarget foar maksimale ferljochting. It ljocht is ferblynjend foar oare ferkearsdielnimmers. Do meist dêrom allinne nachts it grutljocht oansette, as der gjin oar ferkear yn ‘e buert is.
Stedsljocht foar sichtberens fan in parkearre ferfiermiddel
It stedsljocht is bedoeld om in parkearre ferfiermiddel sichtber te meitsjen. By stedsljochten brâne de efterljochten, de kentekenplaatferljochting en twa lytse lampkes oan ‘e foarkant. Dy lampkes oan ’e foarkant meitsje it ferfiermiddel wol sichtber, mar ferljochtsje de dyk foar de auto net. Stedsljocht is ferplichte ast nachts óf by min sicht oerdeis bûten de beboude kom of op de rydbaan parkearrest.
Is dyn autoferljochting ek technysk yn oarder?
Do witst no hokker soarte autoferljochting ast ynskeakelje moast by ûnderskate (waars)omstannichheden en ferkearssituaasjes. Dêrnjonken is it ek wichtich om nei te gean oft dyn autoferljochting ek technysk yn oarder is. Benijd hoe? Klik dan troch nei de tsjeklist.