Wapen fan Fryslân
It Fryske wapen docht weromtinken oan de Midsieuwen. De 7 blokjes ferwize nei de 7 (midsieuwske) seelannen. Dit wiene selsstannige lânstreken lâns de kust fan Alkmaar oant de Weser, dy’t gearkamen yn in ferdigeningsferbûn tsjin de Noarmannen.
Yn syn oarspronklike foarm waard it wapen yn 1830 troch it Fries Genootschap as segel brûkt. Yn de jierren dêrnei fûn men it wapen ek op de flaggen werom. Oan it ein fan de 19e ieuw waard dizze Fryske flagge populêr. Mar sûnt 1958 is de flagge mei de pompeblêden de offisjele Fryske flagge.