Wêr kin in bistehâlder skea troch wolven melde?
Nei alle gedachten skea troch de wolf by lânbouhúsdieren kinne jo kosteleas melde by BIJ12. Doch dat sa gau mooglik nei de fêststelling en binnen 24 oeren. Tink derom! Ferpleats it kadaver net, dek it goed ôf en lit it net wiet wurde, sadat der goed DNA ôfnommen wurde kin. In skeagefal melde kin op nûmer 085 – 486 22. BIJ 12 is op wurkdagen berikber fan 09.00 oant 17.00 oere. Yn it wykein wurde jo trochskeakele fia it keuzemenu.
Kin ik skeafergoeding krije?
De provinsje fergoedet skea troch de wolven oan hobby- en bedriuwsmjittig holden fee. De regeling foar temjittekomming by skea oan lânbouhúsdieren troch de wolf is ferlinge foar ûnbepaalde tiid.. De hichte fan dit bedrach hinget ôf fan 'e taksaasjewearde fan jo dier(en). Jo krije ek eventuele kosten fan 'e feedokter en destruksje fergoede. Besjoch hjir de rjochtline taksaasje wolveskea by lânbouhúsdier.
Mear ynformaasje is te finene yn de flyer Skea troch de wolf oan jo fee en de fideo Skea oan fee troch wolven.