N354 Spannenburch-Follegea-A6
Dizze maitiid sette wy útein mei ûnderhâldswurk oan de provinsjale dyk de N354 tusken Spannenburch, Follegea en de A6. It wurk ferdiele wy yn trije fazen. Yn dizze mail fertelle wy graach wat wy wannear dogge en ferwize wy jo nei taheakke omliedingsrûtekaartsjes.
Faze 1 Krúspunt Eastersee-Buren o/m brêge Follegea (26 maaie o/m 13 juny)
Fan moandei 26 maaie oant en mei 13 juny sette wy útein mei wurksumheden tusken it krúspunt Oosterzee-Buren en de brêge Follegea. De provinsjale dyk en de paralleldyk/fytspaad binne dei en nacht ôfsletten foar it ferkear. Foar fytsers wurdt in alternative rûte oanjûn.

Faze 2 Brêge Follegea oant ôfslach N927 Sint-Nyk (16 juny o/m 11 july)
Fan moandei 16 juny o/m 11 july wurkje wy oan de dyk tusken brêge Follegea oant de ôfslach N927 Sint Nyk. De provinsjale dyk en de paralleldyk/fytspaad binne dei en nacht ôfsletten foar it ferkear. Foar fytsers wurdt in alternative rûte oanjûn.

Faze 3 Krusing Spannenburch: ôfslach N927 o/m busremize Spannenburch (14 o/m 19 july)
Fan 14 july o/m 19 july wurkje wy fiif nachten oan de provinsjale dyk fan de ôfslach N927 ôf o/m de ôfslach busremize Spannenburch. Wy wurkje fan moandei o/m sneon tusken 19.00 en 06.00 oere. Oerdei is de dyk iepen foar ferkear.

Wurksumheden akwadukt Jeltesleat
Op itselde momint dat wy grut ûnderhâld útfiere oan de N354 sille wy ek ûnderhâld útfiere oan it akwadukt Jeltesleat. Hjir starte wy moandei 16 juny. It akwadukt is dan fiif nachten tusken 19.00 en 05.00 oere ticht foar trochgeand ferkear. It autoferkear liede we om fia de A7 en A6 (Snits, De Jouwer en Sint-Nyk). Nei dy ôfslutingen is it akwadukt skjin en sille wy reparaasjes útfiere foardat wy it hiele akwadukt skilderje sille. Dêrfoar sil noch sa'n fjouwer wiken lang in heale rydbaanôfsetting stean.
Iepenbier ferfier
It iepenbier ferfier rydt ûnder it wurk oan alternative rûte. Witte wêr? Sjoch foardatst fuortgiest op www.qbuzz.nl.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Foar fragen oer it ûnderhâldswurk kinne jo kontakt opnimme mei Nynke Bergema. Foar fragen oer it wurk oan it akwadukt Jeltesleat kinne jo freegje nei Richard Elzinga. Dat kin telefoanysk fan moandei oant en mei freed 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.