Werynrjochting N 924 Eastersee - Giterskebrêge - Ychten
De N924 stiet op it programma foar grut ûnderhâld. De provinsje Fryslân grypt dizze kâns om de dykynrjochting yn de doarpskearnen Ychten en Werynrjochting N924 Eastersee - Giterskebrêge - Ychten en op de weifakken hjirtusken op 'e nij yn te rjochtsjen. It doel is om it doarpske karakter te fersterkjen mei ferkearsfeilige en gesellige(re) doarpskearnen. De trochfytsrûte fan It Hearrenfean - De Lemmer leit lâns de N924. Ek dizze fytsrûte wol provinsje Fryslân ferbetterje en in mear werkenbere útstrieling jaan.
Belevingsûndersyk
Yngenieursburo Roelofs leit de basis fan in goed ûntwerp en wol dêrfoar de (ferkears)knyppunten en ideeën skerp krije. Se freegje dêrom de miening fan weibrûkers en omwenners en oare belutsenen as deistich brûker nei harren miening troch middel fan in belibbingsûndersyk yn de foarm fan in enkête. Wat spilet der him ôf en wat is de belibbing fan de hjoeddeistige ynrjochting? Jo reaksje is tige wolkom en kinne yn it fierdere ûntwerpproses meiwoegen wurde.
Jo kinne de enkête oant 28 febrewaris 2025 ynfolje.
Sjoch foar de fuortgong fan it projekt op de webside fan Ingenieursbureau Roelofs.