Natuerbeskerming yn de Omjouwingswet
Sûnt 1 jannewaris 2024 is yn de Omjouwingswet de beskerming fan biste - en plantesoarten en fan habitattypen yn Nederlân regele. Foarhinne wie dit regele yn de Wet natuurbescherming. Hjirby moat in splitsing makke wurde tusken floara - fauna-aktiviteiten (soartebeskerming) en Natura 2000 - aktiviteiten (gebietsbeskerming). Dêrneist hat de Omjouwingswet regels foar it kapjen fan houtopstannen.
Taken en foegen provinsje
De útfiering fan de regels oer natuerbeskerming is by de provinsjes belein. Hjirûnder falt de beskerming fan natuergebieten, beskerming fan biste- en plantesoarten, skeabestriding en behâld fan houtopstannen. Foar in tal spesifike taken, wêrûnder bygelyks delfstoffewinning of de oanlis fan in autosneldyk, hat it Ryk it foech.
Dêrneist hat de provinsje de rol fan tafersjochhâlder en hanthavener. De provinsje kontrolearret it neilibjen fan de wet en it neikommen fan betingsten dy't oplein binne yn in omjouwingsfergunning. De útfiering hjirfan wurdt dien troch de FUMO. Der wurdt gearwurke mei terreinbehearende organisaasjes en de plysje.
Wêrom regels oer natuerbeskerming?
De Omjouwingswet befettet foar de beskerming fan de natuer regels oer de neikommende ûnderwerpen:
Natura 2000 - aktiviteiten (gebietsbeskerming)
Yn de Omjouwingswet is de beskerming fan biste- en plantesoarten en fan habitattypen yn beskerme Natura 2000-gebieten yn Nederlân regele. Binne jo fan doel om wat te ûndernimmen dat in effekt hawwe kin op de natuerwearden yn in Natura 2000-gebiet, dan binne jo mooglik ferplichte om in omjouwingsfergunning foar in Natura 2000-aktiviteit oan te freegjen.
Mear ynformaasje en in fergunning oanfreegje
Floara - en fauna-aktiviteiten (soartebeskerming)
Geane jo bûten oan it wurk dêr't mooglik beskerme bisten of planten by sitte? Of wolle jo in evenemint organisearje yn de bûtenloft? Jo krije dan mooglik te krijen mei de Omjouwingswet. Neffens dizze wet meie jo gjin negative effekten tabringe oan fûgels en beskerme bisten of planten.
Mear ynformaasje en in fergunning oanfreegje
Houtopstannen
Binne jo fan doel bûten de beboude kom beammen of oare houtopstannen te kappen of te roeien? Of wolle jo ûnderhâld oan in houtwâl dwaan? Dan moatte jo op syn minst seis wike yn’t foar in kapmelding by de provinsje Fryslân yntsjinje.
Mear ynformaasje en in kapmelding yntsjinje
Stikstof (foarhinne PAS)
Wolle jo in nije stâl bouwe, jo besteande stâl of feebeslach útwreidzje of in oare aktiviteit út ‘e wei sette dy’t mooglik stikstofdeposysje op beskerme natuergebieten as gefolch hat? Dan moatte jo in stikstof fergunning by de provinsje oanfreegje.
Mear ynformaasje en in PAS-fergunning oanfreegje
Ferplichte ekologysk ûndersyk jout ynsjoch yn ekologyske effekten
Mei doelbewust ûndersyk wurdt dúdlik oft der op de bewuste lokaasje of tichtby dêrfan beskerme natuerwearden oanwêzich wêze kinne en oft jo plan of projekt ek neidielige gefolgen hawwe kin. Jo binne ferplichte om dêrfoar in ûnôfhinklike ekologysk saakkundige yn te skeakeljen. Op de webside fan it Netwerk Groene Bureaus kinne jo ferskate ekologyske advysburo's fine. As jo ûndersyk útfiere litten hawwe, riede wy jo oan, om it ekologysk ûndersyk oan ús foar te lizzen.
Fierder noch
Troch ûndersteande links kinne jo de offisjele (wet)teksten op Overheid.nl rieplachtsje:
Fia ûndersteande knop fine jo in oersjoch fan ferliende fergunnings en ûntheffings yn it Provinciaal Blad op Overheid.nl.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.