Fryslân is in wetterrike provinsje wêrtroch it in unyk plak is foar wettersport en -rekreaasje. It krige net foar neat yn 2018 in tredde plak fan Lonely Planet op de list fan Europeeske bestimmingen. Sjoch hjir foar in fideo fan al dat moais!

App foar wettersporters

Mei yngong fan 1 april 2025 is de Wettersport-app fan de provinsje Fryslân net mear aktyf. Wy betankje de brûkers foar harren betrouwen yn dizze app oer de ôfrûne jierren. 

Alternativen binne: Waterkaarten NederlandWaterkaart LiveWinGPS 5 of MarinePlan | Boot Route Planner & Waterkaart | "TomTom" voor de Boot

Für Deutsch: Wassersport

Brêgebetsjinningstiden

Besjoch de aktuele ynformaasje oer de iepeningstiden foar brêgen en slûzen.

 

Digitale Wettersportkaart

Earder brocht de provinsje Fryslân in Wettersportbrosjuere út, mei handige ynformaasje foar wetterrekreaasje yn Fryslân. De lêste edysje (2021 -2022) is hjirûnder digitaal te downloaden yn fjouwer ferskillende talen. Ek biede wy in ynteraktive Wettersportkaart oan, dy is hjir te besjen.

Wettersportbrosjuere 2021-2022

Frysk           Nederlâns

Englisch      Deutsch

Kaart laadpeallen

Farre mei in elektryske boat? Besjoch de kaart mei elektryske laadpeallen oan it wetter.

Hurd farre

Foar alle ynformaasje oer hurdfarren yn Fryslân, geane jo nei Snelvaren in Fryslân | Fryslan

Farre dochst mei-inoar

Krekt as ferkearsregels op ‘e dyk, binne der ek regels op it wetter. Sjoch foar mear ynformaasje oer de regels op it wetter en feilich farre op www.varendoejesamen.nl.

Byld fan de wettersport

Fryslân hat wetterrekreaasje yn har DNA sitten. Alle jierren wurdt hjir troch in soad (hûndert)tûzenen minsken yn en op it wetter rekreëarre. Dêrby giet it om alderhande foarmen fan wettersport, fariearjend fan sloepfarren oant suppen, fan kitesurfen oant silen, fan sportfisken oant dûken.

Mei it programma Gastvrij Fryslân wurkje wy oan in fitale en sirkulêre gastfrijheidssektor dy't bydraacht oan de brede wolfeart fan Fryslân. Om't it programma goed oanslute moat op de praktyk, dogge wy geregeld ûndersyk.

Dêrom liet Fryslân - boppe-op it lanlike Wettersportûndersyk 2021 fan it Nederlands Bureau voor Toerisme en Congressen (NBTC) en Waterrecreatie Nederland (WRN) - twa Fryske ûndersiken útfiere.

De ûndersiken bringe it profyl, motivaasje, gedrach, winsken en foarkarren fan beoefeners fan wettersport yn Fryslân yn kaart.

Wolle jo mear witte? Jo kinne beide ûndersiken hjirûnder downloade:

Takomstbyld Kitesurfen yn it Iselmargebiet

It Iselmargebiet is ien fan de grutste beskerme natuergebieten fan ús lân. It gebiet is fan libbensbelang foar fûgels. Sy brûke it gebiet om nei iten te sykjen, út te rêsten, te brieden en harren jongen grut te bringen, no en yn de takomst. Dat ropt ek fragen op rûnom alderhande foarmen fan rekreatyf gebrûk. It ‘ Takomstbyld Kitesurfen yn it Iselmargebiet’ sketst in goed byld fan de hjoeddeiske situaasje en jout oan wêr ’t der ferbettermooglikheden binne, foar kitesurfen en foar de natuer.

Gebrûksfyzje Wetterrekreaasje Fryslân 2050, help by it meitsjen fan plannen rûnom wetterrekreaasje

De gebrûksfyzje Wetterrekreaasje is foar plannemakkers op en om it wetter yn Fryslân hinne. De gebrûksfyzje bestiet út in Fyzjediel en in Atlasdiel. Yn beide dielen stiet spesifike ynformaasje oer dielgebieten fan Fryslân.

Tip: Besjoch earst de lêswizer en dûk dan yn (ien fan) de twa dielen. In makliker lêsbere ferzje fan dizze dokuminten is ûnderwilens ree fia in saneamde storymap, yn eigen behear fan/troch de provinsje makke. As jo fragen hawwe oer dizze storymap, dan kinne jo maile mei f.g.vanakker@fryslan.frl.

Wetterrekreaasje Fryslân

Een vaart waar een skutsje in ligt en bomen aan de oevers