Wynpark Nij Hiddum-Houw
Wynpark Nij Hiddum-Houw is in wynpark fan njoggen turbines dat boud is op ’e Kop fan ’e Ofslútdyk yn Fryslân. Tusken de doarpen Surch en Koarnwert, oan wjerskanten fan ’e A7. Mei it bouwen is yn 2021 úteinset en it park is yn 2022 yn bedriuw gien.
Sûnensmonitor
Under it ynspraakproses waarden út ’e omkriten wei soargen utere oer de mooglike skealike gefolgen foar de folkssûnens. De Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe dêrom, by it fêststellen fan it ynpassingsplan (juny 2018), besletten dat yn oparbeidzjen mei de omwenjenden in folkssûnensmonitor ûntwikkele wurde soe. De lêste jierren is yn ’e mande mei ûnderskate belutsen partijen in programma fan easken opsteld foar in sûnensmonitor.
Dat hat laat ta in oanbestegingsproseduere dêr’t yn maart 2022 dien wurk mei makke is. Antea Group sil de sûnensmonitor útfiere neffens it opstelde programma fan easken. Antea Group hat spesjalistyske kennis en ûnderfining mei projekten op it snijflak fan sûnens, feiligens en miljeu.
De sûnensmonitor bestiet út fjouwer ynstruminten dêr’t data mei sammele wurde: 1) in klachtemeldpunt, 2) in belibbingsûndersyk, 3) jierlikse fragelisten en 4) in sprekoere. De monitor sil helpe om ynsjoch te krijen wêr’t oerlêst en hinder ûnderfûn wurde. Mei ûnderskate partijen wurdt mei-inoar besjoen oft dy saken op te lossen of te beheinen binne.
Oare faze
Mei it gunnen is in oare faze yn it proses kommen. Antea Group is no it oansprekpunt foar de sûnensmonitor en ’e kommunikaasje mei de ûnderskate partijen, lykas omwenjenden, de GGD, de gemeente, it RIVM, de provinsje ensafh. De provinsje bliuwt útsoarte anneks as opdrachtjouwer. In pear kear yn ’t jier wurdt in byienkomst foar bewenners organisearre. Dat wurdt út ’e sûnensmonitor wei dien. Op sa’n jûn wurde jo bypraat oer de stân fan saken wat de monitor oanbelanget, en kinne fragen steld en soargen dield wurde. Alle ynformaasje is werom te lêzen op www.gezondheidsmonitornhh.nl
Omjouwingsadvysrie (OAR)
De ferslaggen fan ’e OAR steane op ’e webside Omgevingsadviesraad - Nij Hiddum-Houw (nijhiddumhouw.nl). Dy webside wurdt byhâlden troch de inisjatyfnimmers.
Digitale nijsbrief
Wolle jo op ’e hichte bliuwe fan ’e fuortgong fan it wynpark? Jo kinne jo oanmelde foar de digitale nijsbrief op www.nijhiddumhouw.nl
Eftergrûn: Provinsjale Steaten hawwe Provinsjaal Ynpassingsplan fêststeld
Op 18 july 2018 hawwe Provinsjale Steaten fan Provinsje Fryslân (PS) it Provinsjaal Ynpassingsplan (PYP) Nije Hiddem Houw fêststeld. Dêrnjonken hawwe Deputearre Steaten de fergunning yn it ramt fan ’e Natuerbeskermingswet ôfjûn. Gemeente Súdwest-Fryslân hat de omjouwingsfergunnings foar it ûnderdiel bouwen en miljeu ôfjûn.
Op 29 jannewaris 2020 hat de Ried fan Steat it PYP as fêststeand ferklearre. It PYP mei alle taheakken kin rieplachte wurde fia: Windpark Nij Hiddum-Houw: Bijlagen bij toelichting (ruimtelijkeplannen.nl)
Ynformaasje oer it park, mei dêrby de plenning en ’e ferslaggen fan ’e Omjouwingsadvysrie, binne te finen op ’e webside fan ’e eigeners: www.nijhiddumhouw.nl