Wiziging Omjouwingsoardering
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat op 28 jannewaris 2025 it ûntwerp fan de wizigingsferoardening Omjouwingsoardering fêststeld.
De tekst fan de wizigingsferoardering kinne jo hjir rieplachtsje. Ek is in konsolidearre ferzje fan de Omjouwingsferoardering en de byhearrende taljochting opsteld. Dêr kinne jo yn sjen hokker wizigingen yn de Omjouwingsferoardening en de taljochting trochfierd wurde.
De Omjouwingsferoardering is op 1 jannewaris 2024 yn wurking gien. Hjiryn stean alle regels foar de fysike leefomjouwing. Nei in jier mei de Omjouwingsferoardering wurke te hawwen, hat bliken dien dat guon regels ûndúdlik binne of ta diskusje liede. Dêrom stelle wy in tal oanpassingen foar, lykas:
- Wizigingen yn de definysjes yn haadstik 1,
- Oanpassingen yn haadstik 2 oer romtlik omjouwingsbelied,
- Wizigingen yn haadstik 5 foar it ûnderdiel houtopstannen.
Dêrneist binne der wizigingen trochfierd troch feroaringen yn lanlike regels. Ek binne dûbelingen of tsjinstridige regels en foute ferwizings fuorthelle of hersteld.
Ferfolch beslútfoarming
It ûntwerp fan de twadde wizigingsferoardering hat op besjen lein. Underwilens hawwe wy in tal sjenswizen krigen. Op dit stuit ferwurkje wy dy en sjogge wy oft it ûntwerp fan de wizigingsoardering oanpast wurde moat. Provinsjale Steaten sille in beslút nimme oer de twadde wizigingsferoardering. Nei ferwachting is dat op 18 juny 2025.
De dokuminten fine jo hjirûnder. Jo kinne jo sjenswize hjirop net mear yntsjinje. De termyn dêrfoar is ôfrûn op 19 maart 2025.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.