Wenjen yn 'e takomst
De mienskip feroaret; ek yn Fryslân. Sa nimt it tal húshâldens noch hieltyd ta. De measte húshâldens binne tsjintwurdich ek lytser as eartiids. Mei dêrom binne der te min geskikte wenningen. It gefolch is dat benammen jongerein en âlderen muoite hawwe om in wenning te finen dy't oanslút by harren situaasje. Dat spilet ek yn oare situaasjes.
Lanlike rezjy, provinsjale koördinaasje, gemeentlike plannen
Om elkenien passend ûnderdak biede te kinnen hat Nederlân yn 2030 sa'n 900.000 ekstra wenningen nedich. Dat slagget allinnich as rap mei de bou begûn wurde kin. Om helder te krijen hoefolle wenningen provinsjes bouwe kinne, hat it Ryk oan alle provinsjes frege in reële ynskatting te meitsjen. Tegearre mei de gemeenten hat de provinsje in ynventarisaasje dien en in ‘ reality check ’ útfierd. Dit hat resultearre yn in bod oan it Ryk. Yn Fryslân kinne de kommende 8 jier sa 'n 17.500 wenningen boud wurde.
Wenningen foar ferskate doelgroepen
De nij te bouwen wenten moatte passe by de hjoeddeistige en takomstige behoefte. Dat betsjut dat provinsje en gemeenten rezjy fiere moatte op foldwaande wenningen foar âlderein, op betelberens en foldwaande wenningen dy't troch korporaasjes boud wurde.
Ynset Ryk
Al dizze nije wenningen kinne foar 2030 boud wurde, mar dan moat wol oan in tal betingsten foldien wurde. Sa moatte alle gemeenten foldwaande amtlike kapasiteit krije om de plannen út te fieren. Dêrneist is in bydrage fan it Ryk nedich om ûnrendabele toppen finansiere te kinnen. Ek wenninkorporaasjes hawwe foldwaande finansjele romte nedich. Oer dizze en oare betingsten hat de provinsje mei de minister foar Folkshúsfesting en Romte Oardering ôfspraken makke.
Sjoch foar mear ynformaasje ek de brief oan de minister oer 'Rapportage 'Reality-check' wenningbou Fryslan' fan 13 septimber 2022 en de 'Provinciale Woningbouwafspraken 2022 - 2030' fan 13 oktober 2022. Dy fine jo ûnder oan de side.
Wat sil der barre
Provinsjes en gemeenten sette de bestjoerlike ôfspraken oer nei regionale wendeals. Hjiryn prate se ôf hoe't de bou fan dizze wenten fersneld wurde kin en hoe't der foar soarge wurde kin dat der foldwaande wenningen foar âlderein en oare doelgroepen realisearre wurde. De minister foar VRO wol dizze ôfspraken yn it foarjier fan 2023 fêststelle.
It hjoeddeistige Fryske wenningbelied
De provinsje Fryslân hat har eigen belied foar wenjen en wenningbou fêstlein yn de Utfieringsaginda Wenje 2021-2023. Dit wenprogramma hantearret de útgongspunten lykas fêstlein yn de Omjouwingsfisy De Romte Diele en de Feroardering Romte Fryslân.
It Ryk sil de wizigings fêstlizze mei in Wet rezjy op de folkshúsfêsting. Dit hat ta gefolch dat de provinsje har omjouwingsfyzje en feroardering oanpasse moat. Nei ferwachting sil in provinsjaal wenprogramma ferplichte wurde.
Foar inisjatyfnimmers:
Hawwe jo in wenningbou-inisjatyf? Dan kinne jo it bêste kontakt opnimme mei jo gemeente. Hja beslute oft jo inisjatyf past binnen de gemeentlike wen(soarch)fyzje of it wenplan. As de gemeente ree is om meiwurking te ferlienen, lizze sy jo plan foar oan de provinsje.
Ferhastiging fan de wenningbou yn Fryslân
Yn ûndersteande dokuminten kinne jo mear ynformaasje fine oer it belied fan de provinsje Fryslân en de ôfspraken dy 't mei de gemeenten en it Ryk makke binne.
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.