Wurksumheden N359
Fan heal maart 2025 ôf starte wy mei wurksumheden oan de provinsjale dyk tusken Warkum en Galama-dammen (N359). Dit stik dyk is ta oan grut ûnderhâld. Dat betsjut dat de dyk in nije laach asfalt krijt. Wy ferdiele it wurk yn in tal fazen. Begjin maaie is it wurk klear. Dêrnei wurkje we ek noch op oare parten oan de N359. Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de wurksumheden.
Hjirûnder fine jo it wurk oan de N 359. Dy binne ferdield yn fjouwer dielen:
1. Grut ûnderhâld
Faze 1a-1b 10 o/m 21 maart
Op moandei 10 maart set de oannimmer útein mei faze 1 a fan Warkum o/m krúspunt Hindeloopen. It krúspunt Hylpen is oant en mei 21 maart ôfsletten. Dan wurket de oannimmer noch in wike langer troch oan it stik tusken rotonde Warkum en it krúspunt Hylpen. Dit is faze b. De dyk is ûnder de wurksumheden dei en nacht ôfsletten.


Faze 2 31 maart o/m 5 april
Moandei 31 maart fan 0.00 oant 06.00 oere ôf is de dyk tusken rotonde Warkum en krúspunt Hylpen ôfsletten (de rotonde is iepen). Moandei 31 maart o/m sneon 5 april is de dyk fiif nachten ôfsletten fan 19.00 oere oant 06.00 oere. Oerdei is de dyk iepen foar ferkear (de rotonde is ôfsletten).

Faze 3 7 april o/m 2 maaie
Op moandei 7 april start de oannimmer mei faze 3. Faze 3 a is fan krúspunt Hylpen oant Galamadammen. Dat is ôfsletten oant en mei 18 april. Dan wurket de oannimmer noch twa wiken langer troch oan it stik tusken krúspunt Hylpen en it krúspunt Koudum. Dat is faze 3b. Dit stik is ûnder de wurksumheden ôfsletten fan 7 april o/m 2 maaie.


2. Wurksumheden Boalsert-Tsjerkwert (noardlik part)
Letter dit jier pakke we noch in stik tusken Tsjerkwert en Boalsert oan. Dizze wurksumheden binne ûnderdiel fan it projekt Boalsert-Warkum. Wy fearen by Tsjerkwert ûnderhâld út en ferbreedzje de wei. De wurksumheden duorje twa wiken. De dyk sil dan tusken 20.00 oere en 05.30 oere ôfsletten wêze foar trochgeand ferkear. As wy it stik tusken Tsjerkwert en Boalsert útfiere sille, hinget ek ôf fan oare projekten yn de buert. Op it momint dat wy witte wannear't wy dat útfiere sille, pleatse wy dit op dizze side.

3. Wurksumheden akwadukt Galamadammen
It akwadukt Galamadammen is ta oan ûnderhâld. Dat betsjut dat we it akwadukt skjinmeitsje sille. Om dizze wurksumheden útfiere te kinnen, moatte wy it akwadukt fiif nachten ôfslute yn de wike fan tiisdei 10 juny (nei Pinkster). It ferkear kin der dan net del. Nei de skjinmaks sille wy it akwadukt skilderje. Hjirfoar sil fan moandei 16 juny o/m freed 4 july ien rydbaan ôfsletten wêze. Ferkear kin der dan del mei wat hinder. Op dit stuit binne wy dizze wurksumheden oan it tarieden. Sa moatte we noch op syk nei in oannimmer. Sadree’t dy bekend is, sille wy dat witte litte. Dat kommunisearje we tsjin dy tiid op dizze side.

4. Wurksumheden ûndertrochgongen Warkum-Koudum
Nei de simmer 2025 binne ek ûndertrochgongen tusken Warkum en Koudum ta oan ûnderhâld. Dizze ûndertrochgongen, ûnder de provinsjale dyk troch, meitsje we skjin en dan sjogge we wat hersteld wurde moatte. De ûndertrochgongen sille nei alle gedachten ûnder de wurksumheden ôfsletten wêze. De provinsjale dyk tusken Warkum en Koudum bliuwt iepen foar ferkear. Ek hjirfoar jildt dat we op dit stuit dizze wurksumheden tariede. Sadree't der in oannimmer bekend is, sille wy ek dizze planning op dizze side witte litte.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Of wolle jo mear witte? Belje dan nei 059 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren of mail nei provincie@fryslan.frl.