Ynsidintele subsydzjes Fryslân

As jo aktiviteiten net passe binnen in subsydzjeregeling, mar miskien wol binnen ien fan ús beliedsdoelen, dan kinne jo op basis fan de ASV en de Utfieringsregeling subsydzje oanfreegje.

Tink derom: Foardat jo in oanfraach yntsjinje, is it needsaaklik dat jo kontakt hân hawwe mei de beliedsmeiwurker dy't jo ynformearje kinne ûnder hokker fan de ûndersteande opjeften jo oanfraach heart.

De namme fan dy beliedsmeiwurker en de oanbelangjende opjefte, jouwe jo oan op it oanfraachformulier. Foar kontakt mei de beliedsmeiwurker en oare fragen oer ynsidintele subsydzje kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum (KCC) fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.

Neidat jo kontakt hân hawwe kinne jo digitaal in oanfraach yntsjinje troch ien fan ûndersteande formulieren yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei DigiD of e-Herkenning. Mei it formulier moatte jo yn alle gefallen in projektbegrutting en de-minimisferklearring meistjoere. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan DigiD of eHerkenning.

Oanfraachformulier subsydzje Grien Fryslân

Oanfraachformulier subsydzje Leefber Fryslân

Oanfraachformulier subsydzje Bestimming Fryslân

Oanfraachformulier subsydzje Undernimmend en enerzjyk Fryslân

Tink derom! Jo oanfraach liedt net automatysk ta in posityf beslút. As wy fine dat jo projekt net genôch past binnen ús doelen of der is gjin budzjet beskikber dan wegerje wy de subsydzje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.