Ynterbestjoerlik tafersjoch
It ynterbestjoerlik tafersjoch (YBT) is de wetlike tafersjochtaak dy’t in provinsje hat op de útfiering fan wetlike taken troch gemeenten, wetterskippen en mienskiplike regelings. Fan 2012 ôf is de ‘Wet revitalisering generiek toezicht’ dêrop fan tapassing. Mei dy wet is it tafersjoch troch de provinsje op lokale oerheden gâns ferienfâldige. Dat is dien om it tafersjoch soberder, transparanter en effisjinter te meitsjen.
De provinsje rjochtet him as tafersjochhâlder op de neikommende mêden:
- Argyf en ynformaasjebehear
- Húsfêsting fan minsken mei rjocht op ferbliuw
- Frysk
- Monumintesoarch
- Omjouwingsrjocht
- Romtlike oardering
- Wetter
Ek hâldt de provinsje tafersjoch op de finansjele posysje fan gemeenten en Wetterskip Fryslân. Dêr’t dat mooglik is, litte wy dy twa soarten tafersjoch mei-inoar opgean.
De oanpak fan de provinsje Fryslân
Yn ôfstimming mei gemeenten en Wetterskip Fryslân wurdt op grûn fan in risiko-analyze in tafersjochplan opsteld. Yn it tafersjochplan steane de grutste risiko’s en de aksjes foar ferbettering beskreaun.
De oanpak giet út fan gearwurking, mar de provinsje hâldt de mooglikheid om de yntervinsjeljedder op te gean op grûn fan har wetlike tafersjochrol.
Yngripe bart allinne as wetlik fêstleine taken net of net goed útfierd wurde. Ek as besluten yn striid binne mei it algemien belang of it rjocht. Yn dy gefallen kin de provinsje gebrûk meitsje mei de neikommende ynstruminten:
- Yn it plak stellen by taakferwaarleazging; by taakferwaarleazging kin de provinsje de taak oernimme.
- Opskowe en ferneatigje; as der besluten nommen wurde dy’t yn striid binne mei it rjocht of it algemien belang, dan kin it beslút foardroegen wurde foar opskowing of ferneatiging.
Klacht en beswieren
Hawwe jo in klacht of melding oer hoe’t in gemeente of it Wetterskip har taken útfiert? Dan kinne jo dat melde by de provinsje fia meldingibt@fryslan.frl.
Relevante links
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.