Ynternasjonale projekten
Troch gearwurking oer de grins ûntsteane unike kânsen foar mear wolfeart en in kwalitatyf heechweardich libbens- en wurkfermidden. Ynterreg is in Europeesk subsydzjeprogramma (ûnderdiel fan it EFRO-programma) dêr’t de gearwurking tusken Europeeske regio’s út ferskate lannen mei stimulearre wurdt. De ferskate Ynterregprogramma’s binne yndield op regio. Fryske projektpartners meie meidwaan as Fryslân binnen it oanbelangjende programmagebiet leit. Dat is it gefal by fjouwer Ynterregprogramma’s:
- Ynterreg A Deutschland-Nederlân: Gearwurking yn de grinsregio, it fuort nimmen fan de grins as barriêre;
- Ynterreg North Sea: gearwurking tusken regio’s út ferskate Europeeske lannen;
- Ynterreg North West Europe: gearwurking tusken regio’s út ferskate Europeeske lannen;
- Ynterreg Europe: Europa brede ynterregionale gearwurking.
Elk programma foar de programmaperioade 2021 -2027 hat in eigen ynhâldlike programmearring. Deutschland-Nederlân is it iennichste Ynterregprogramma wêrby't fyftjin programmapartners (dêrûnder provinsje Fryslân) harren troch in oerienkomst oan it dielnimmen en de útfiering ferbûn hawwe. De oare Ynterregprogramma’s biede de mooglikheid om projekten yn te tsjinjen. De Rijksdienst voor Ondernemend Nederland fiert de oare Ynterregprogramma’s út.
Besjoch fia ûndersteande knop de projekten dêr't provinsje Fryslân op it stuit by oansletten is.