Europa is wichtich foar Fryslân. Oarsom is Fryslân ek wichtich foar Europa. De Europeeske Uny is ûnderdiel fan ’e deistige realiteit fan boargers, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oerheden. Yn Europa wurde belied en regeljouwing ûntwikkele dy’t fan ynfloed binne op ús provinsje. Der lizze kânsen om mei oare Europeeske regio’s projekten te ûntwikkeljen en fan inoar te learen. Der binne meardere Europeeske fûnsen en subsydzjes beskikber.

Op ûndersteande siden lizze wy út wat Fryslân docht op it mêd fan Europa. Gearfette binne dat de neikommende saken:

  • Europeeske regeljouwing dy’t fan tapassing is op Fryslân. De provinsje set dy regels om yn Frysk belied. Wy sjogge ek goed ta op ’e takomstige regeljouwing;
  • Europeeske beslútfoarming yn Brussel en ’e tarieding dêrfan yn Nederlân. Fryslân besiket om ynfloed út te oefenjen yn ’e mande mei de provinsjes Grinslân en Drinte, of mei oare provinsjes;
  • Projekten dêr’t in berop foar dien wurdt op Europeeske middels. Fryslân is partner yn ferskate Europeeske projekten en stipet oaren yn it ûntwikkeljen dêrfan. Wy diele ek graach kennis oer ferskate Europeeske fûnsen mei oaren;
  • Europeeske fûnsen foar Fryske boargers, bedriuwen, maatskiplike organisaasjes en oerheden.

Us ynset is troch Provinsjale Steaten fêststeld yn it beliedsbrief Fryslân en Europa 2020-2023. Jo kinne de beliedsbrief by ús opfreegje fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of e-mail provincie@fryslan.frl.

Sykje jo mear ynformaasje of sifers oer de sirkulêre ekonomy yn Fryslân? Besjoch dan ús ynteraktive dashboards en factsheets. Besjoch bygelyks de factsheet Internationale handel oer de eksport fan yn Fryslân fêstige bedriuwen. Der wurdt in byld sketst fan it lân fan bestimming, it soarte guod en de totale eksportwearde.