Offisjele bekendmakkings Europa
Stipemaatregels fan ’e oerheid moatte yn begjinsel om goedkard te wurden foarlein wurde oan ’e Europeeske Kommisje. De Europeeske Kommisje hat in stikmannich frijstellingsferoardenings fêststeld op basis wêrfan’t – as foldien is oan ’e dêryn neamde betingsten – it oanmelden net dien wurde hoecht.
In betingst foar it tapassen fan ’e frijstellingsferoardenings is dat de provinsje in bekendmakking oan ’e Europeeske Kommisje stjoere moat mei ynformaasje oer de stipemaatregel en (in gearfetting fan) de stipemaatregel op syn ynternetside bekend meitsje moat. Hjirûnder is ynformaasje te finen oer stipemaatregels dy’t op basis fan ’e jildende frijstellingsferoardenings bekend makke wurde moatte.