Ynterprovinsjaal Wolvenplan

Fryslân stimt yn mei it nije wolveplan: bettere regels foar feehalders

De provinsjes yn Nederlân hawwe mei-inoar nije ôfspraken makke oer hoe’t wy omgean mei wolven, it saneamde IPO Wolvenplan 2025. Yn it plan steane regels oer wat der dien wurde moat as wolven minsken, hûnen of fee oanfalle. De provinsje Fryslân hat him ynset foar ferbetteringen dy’t wichtich binne foar boeren en ynwenners.

De deputearren fan alle provinsjes binne akkoart gien mei it plan. Op 17 april 2025 hat it bestjoer fan it Ynterprovinsjaal Oerlis (IPO) besletten oer de nije tekst. No is it plan definityf.

Feebeskermingsteams oprjochte

Ien fan de wichtichste punten yn it nije plan is dat der fee-beskermingsteams komme. Dizze teams helpe boeren mei it pleatsen fan hekken dy't wolven tsjin hâlde moatte. Dit idee komt út in lanlike oanpak fan Steatssekretaris Rummenie. De teams moatte derfoar soargje dat boeren net tefolle ekstra wurk krije troch de komst fan de wolf.

Fergoeding by skea bliuwt, mar net altyd sûnder rasters

In wichtige ôfsprake yn it nije plan is dat boeren ek yn ’e takomst jild krije as harren fee oanfallen wurdt troch in wolf. Mar yn ’e takomst kin it wêze datst allinnich jild krijst as der wolf-ôfkearende rasters pleatst binne. De provinsje Fryslân fynt it no noch te betiid om dat ferplichte te stellen. Foaral foar hoeders mei skieppekeppels dy’t omrinnend binne, is it dreech en djoer om oeral rasters te pleatsen.

Earliker byld oer it libjen mei de wolf

In soad minsken fielden har net werkenber yn it byld dat yn de foarige ferzje fan it plan jûn waard oer it libjen mei wolven. Yn it nije plan wurdt no better beskreaun hokker soargen ynwenners en boeren hawwe oer de oanwêzigens fan wolven.