1. Belied en kaarten

Belied

De provinsjale belangen foar Lânskip en Kultuerhistoarje binne beskreaun yn de Omjouwingsfisy “De Romte diele” en de tematyske struktuerfyzje Grutsk op ’e Romte

Nei de fernijing fan de Omjouwingsfisy wurkje wy de startnotysje foar it Programma Lânskip út. 

Romtlike kwaliteit 

Team Romtlike kwaliteit fan de provinsje Fryslân is in team fan saakkundigen mei ferskate spesjalisaasjes en advisearret yntern en ekstern oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Advisearje, gearwurkje en ynspirearje binne de útgongspunten. Mail nei: provincie@fryslan.frl foar mear ynformaasje.

Erfgoed 

De provinsje Fryslân set him yn foar it behâld en ferbetterjen fan it Fryske erfgoed. It Fryske erfgoed is wichtich foar ús identiteit, mar ek foar de kwaliteit fan ús leefomjouwing, wurkomjouwing, fêstigingsklimaat en de kânsen foar toerisme en rekreaasje. 

Provinsje Fryslân stipet erfgoedynstellings, restauraasjes en werbestimmingen mei € 4.4 miljoen jiers. Op it mêd fan leefberens en rekreaasje lizze der kânsen by werbestimming, lykas by de Erfgoeddeal Waddenkust K (l)eigoed. Greppellân, boerehiemen of lângoed keppelje wy oan lânbou, natuer en de beammestrategy.

Omjouwingsprogramma Erf-Goed 2025-2028

De iuwenlange Fryske skiednis hat in rike skat oan erfgoed efterlitten. Oft it no terpen, monuminten, doarpsgesichten of kultuerlânskippen binne: mei-inoar foarmje se in ûnskiedber ûnderdiel fan de identiteit en it ferhaal fan Fryslân. It is ek wakker beskiedend foar de kwaliteit fan ús libbensfermidden, wurkfermidden en fêstigingsklimaat en de kânsen foar toerisme en rekreaasje. Sa draacht erfgoed by oan de brede wolfeart yn ús provinsje. 

It Omjouwingsprogramma rjochtet him op de útwurking en útfiering fan it erfgoedbelied dat foar de provinsje Fryslân yn de no jildende omjouwingsfisy De Romte diele fêstlein is. De ûnderwerpen besteane út: 

a. boud erfgoed, lykas ryksmonuminten, karakteristike bouwurken, steds- en doarpsgesichten; 

b. argeologysk erfgoed; 

c. kultuerlânskiplik en grien erfgoed. 

Hjir fine jo it folsleine Omjouwingsprogramma Erf-Goed 2025-2028. It fêststelde omjouwingsprogramma is ek publisearre yn it Digitaal Stelsel Omgevingswet (DSO)

Kaarten 

Op de Kultuerhistoryske kaart fan Fryslân kinne jo ierdkundige, archeologyske, histoarysk geografyske en bouhistoaryske saken opsykje.

Dêrneist is der in archeologyske beliedskaart de FAMKE: Fryske Archeologyske Monumintekaart Extra. 

Mear oer archeology yn Fryslân: