Romtlike kwaliteit, erfgoed en lânskip
De provinsje Fryslân set him yn foar it behâld en ferbetterjen fan de Romtlike kwaliteit en it Fryske erfgoed. Dat is wichtich foar ús identiteit, mar ek foar de kwaliteit fan ús libben- en wurkomjouwing, fêstigingsklimaat en de kânsen foar toerisme en rekreaasje.
Kwaliteiten fan de romte kinne by feroaringen ynset wurde om de skaaimerken fan it lânskip sjen te bliuwen. In foarbyld dêrfan is hoe't lânskipseleminten mei de sneldyk De Sintrale As ferweve binne.
Fierder beskermet, ûndersiket en stimulearret de provinsje it erfgoed, ynklusyf it draachflak dêrfoar. Alde mar ek jongere ferhalen fan it libben troch de iuwen hinne bliuwe sa sichtber en behâlden.
Sjoch hjirûnder foar in yndruk fan in part fan de aktiviteiten fan de provinsje.