2. Wearden
2.1 Doarpeatlas
Wat is it goud (de skaaimerken en wearden) fan de Fryske doarpen en stêden? Hoe binne dy ûntstean? De skaaimerken jouwe oan wat wichtich is om te behâlden en jouwe hâldfêst by plannen foar de takomst. Sjoch op www.dorpenatlas.frl en draach ek by: stjoer jo foto’s en ferhalen yn! NB: Wy besjogge noch oft wy dizze webside frysktalich meitsje kinne.
2.2 Erfgoeddeals - Erfgoed en romtlike opjeften
It ryk, gemeenten, provinsjes en maatskiplike organisaasjes wurkje gear yn de Erfgoed Deal, om erfgoed yn te setten by de grutte romtlike opjeften lykas duorsumens, klimaatadaptaasje en stedske groei en krimp.
Yn Fryslân binne wy belutsen by dizze projekten út de Erfgoed Deal:
2.3 Frysk lânskip
Atelier Fryslân hat fan 2008 oant 2012, net frege en frege oer de romtlike kwaliteit yn Fryslân. Dizze stúdzjes binne noch hieltyd aktueel en kinne ynspirearje by fraachstikken yn 'e romte.
Se gean oer ferskate ûnderwerpen:
- Klimaatferoaring en wyn- en sinne-enerzjy, bedriuweterreinen;
- doarpen: Wetterdoarp Heech, lânskip tusken doarp tsjinoer stêd om Folsgeare hinne, fersterking doarpslint yn de Westereen, boer en lânskip;
- ûntwikkeling om ferkearsknooppunt De Jouwer en de N359;
- Waadkustgebiet;
- Keunst yn Iepenbiere romte.
2.4 Krêft fan it Untwerp
Untwerpend ûndersyk is in krêftige ûndersyksmetoade dêr't romtlike problemen yntegraal en kreatyf by benadere wurde. Twa foarbylden dêrfan:
Stúdzjes fan studinten út Lund
Ynternasjonale studinten fan de universiteit út it Sweedske Lund binne twa kear nei Ljouwert kaam. Se hawwe ideeën betocht foar it Spoordok-gebiet yn Ljouwert. En ek tochten se nei oer it gebiet tusken Ljouwert en it Waad. Sjoch hjir nei harren ideeën:
Eftergrûnstúdsjes
De Anita Andriesenpriis foar Romtlike Kwaliteit is in oeuvrepriis en wol in ympuls jaan oan it behâld en de ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân. By de útrikking yn 2021 wie it tema “de kracht van Ontwerp”.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.