3. Subsydzje
Op syk nei subsydzje foar restauraasje, werbestimming, ûnderhâld of ûndersyk fan monuminten of karakteristike pannen/bouwurken? Jo kinne jierliks yn septimber in oanfraach dwaan fia de regeling Subsydzje Monuminten (SUMO).
It Kultuerfûns foor Monuminten Fryslân is in revolvearjend fûns (liening tsjin in lege rinte). It behear is by it Nationaal Restauratiefonds (WanneF). Dat is spesjaal foar Fryske karakteristike monuminten, dy 't gjin ryksmonumint binne.
Foar it behâld fan monuminten is in bliuwend gebrûk wichtich. Neist boppeneamde regelingen foar werbestimming is der ek in Kenniscentrum Herbestemming Noord, dy't fraach en oanbod byinoar bringt.
Foar mear ynformaasje oer it keapjen, ûnderhâlden, ferduorsumjen en finansierjen fan monuminten en karakteristike gebouwen sjoch Monumenten.nl | Wegwijs in monumentenland. Hjiryn stiet ek in oersjoch fan it belied en regels fan ryk, provinsje en gemeenten.