4. Projekten
Partisipaasje oangeande jonge monuminten (1965 -2000)
Ynwenners fan Fryslân hawwe yn it foarjier fan 2024 potinsjele jonge monuminten oandroegen en der op stimd.
Mei it ferline foarút – ynspiraasjebylden foar ûntwikkeljen fan takomstplan
Werkend Landschap en Landschapsbeheer Friesland hawwe it ferline fan gebieten fan Fryslân skematysk yn kaart brocht mei lânskipshistoarysk- en ûntwerpend ûndersyk. Dat levere in set ynspiraasjebylden op, dy't behelpsum binne foar in frisse blik op de takomst. Dat helpt beliedsmakkers, bestjoerders en grûneigeners by de ûntwikkeling fan in takomstplan foar harren gebiet.
Takomst Fryske Pleats - Foar ynspiraasje!
Foar de Fryske identiteit, skiednis en lânskip foarmet de pleats in reade tried. Wy wolle de Fryske Pleats as kearnwearde fan it Fryske erfgoed en kultuerlânskip ûntwikkelje en behâlde. Sadat pleatsen en hiemen yn de takomst in duorsum plak hawwe yn it kultuerlânskip en foldogge oan nije opjeften en funksjes. Yn 2021 wie der in projekt om de Fryske pleats hinne, wêrby 't in wurkplan Takomst Fryske Pleats mei praatplaat makke is, mei dêryn acht dielprojekten.
Ién fan de dielprojekten is werbestemming. Yn it ramt hjirfan is it projekt Nije fitaliteit yn âlde pleatsen útfierd yn it Leader-gebiet Noardwest Fryslân
Tsjerken
Foar frijkommende tsjerkegebouwen docht de provinsje mei oan de nasjonale tsjerke-oanpak. It Platfoarm Fryske Tsjerken advisearret en stimt ûnderlinge aksjes oer in nije bestimming of in oare bestimming dernjonken ôf. Der is in team Fryske Tsjerken, dat lokaal en fergees helpt by it finen fan oplossings foar leechstân, ûnderhâld en werbestimming fan tsjerken. Mear ynformaasje: Stipepunt Monumintesoarch Fryslân, 058 – 266 25 19, dbloemhof@monumentenzorg.frl. Ideeën foar werbestimming fine jo hjir: herbestemming kerkgebouwen.
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.