1. Waadrinne grutte groepen
Fia dizze side freegje jo as waadrinorganisaasje in waadrinfergunning oan foar it organisearjen fan waadrintochten mei grutte groepen oant maksimaal 60 persoanen, ûnder begelieding fan waadringgidsen/begelieders.
Fergunning oanfreegje
Foar it ynfoljen fan dit formulier hawwe jo e-Herkenning nivo 2 + nedich.
Goed om te witten
De fergunning dy 't jo oanfreegje, is jildich oant 1 maart 2026. Nei it korrekt ynfoljen fan it formulier duorret it likernôch 8 wiken foardat jo de fergunning binnen hawwe. De kosten foar dizze fergunning binne ôfhinklik fan it tal minsken dêr 't jo it Waad mei op gean. De aktuele bedraggen binne te finen yn de Legesverordening provincie Fryslân.
Fragen
Hawwe jo fragen? Dan kinne jo belje mei ús Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 89 95 of maile nei wadlopen@fryslan.frl.