Wolle jo te waadrinnen as gids, begelieder, sololoper of wolle jo waadrinnen organisearje? Jo hawwe dêrfoar in fergunning nedich om it waad op te meien. Fia dizze site kinne jo digitaal jo fergunning oanfreegje foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Yn ûndersteand oersjoch stiet hokker fergunning oft jo nedich hawwe. Om in oanfraach yn te tsjinjen, hawwe jo as organisaasje e-Herkenning en as persoan DigiD nedich.

Bêste Waadringidsen, De Wadloopoefening fan sneon 28 septimber giet NET troch. De oefenlieding hat nei beried besletten om de waadrinoefening fanwegen waarsomstannichheden en ferwachte wetterstannen te kanseljen. De oefening wurdt ferpleatst nei 26 april 2025. Ut namme fan de oefenlieding, Pieter Ros

Utnûging Rêdingoefening 28 septimber 2024

Yn gearwurking mei Veiligheidsregio Fryslân en de KNRM wurdt der wer in rêdingoefening op it Waad organisearre.

Datum: sneon 28 septimber 2024

Oandachtspunten:

  • Meldtiid 11.00 kantoar Waadrinsintrum Pieterburen, Haven 26 Lauwerseach.
  • It meifieren fan in waadrinstôk en marifoan is net tastien.
  • Soargje foar foldwaande proviand en wetter, nei ôfrin is der sop mei bôle.
  • Nim drûge klean mei yn 'e rêchtas (kin net op 'e boat bliuwe).
  • Stim dyn klean ôf op de waarsomstannichheden en hâld rekken mei lang stilstean (kâns op ôfkuolling).
  • Maksiimum tal dielnimmers is 60 persoanen, dus meld dy gau oan. 
  • Ofgelasting wurdt fia ferskate kanalen kenber makke.

Oanmelde koe uterlik oant 18 -09-2024 (oanmelde is ferplichte yn ferbân mei registraasje).

Wolle jo as dielnimmer meirinne mei in groep? Der binne ferskate waadrinorganisaasjes dy 't tochten oanbiede. As dielnimmer hawwe jo gjin fergunning nedich.

Infographic waar in beschreven wordt wat te doen bij wadlopen

Wat stiet der yn de infographic? 

Kennis oer waadrinne opfrissen?

Elkenien dy 't syn of har kennis opfrisse wol, kin dizze e-learning fergees en alhiel frijbliuwend trochrinne. Dizze e-learning is ûntwikkele troch de Provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân spesjaal foar begelieders fan natuer-edukative tochten, drûchfallende platen, oerstekken groepen en sololopers. Foar dizze doelgroep is it trochrinnen derfan ferplichte foar it oanfreegjen fan in fergunning.

E-learning foar begelieders en solorinners oer waadrinne

E-learning foar waadringidsen

E-learning feilich waadrinne foar gidsen Waadrinne op de Waadsee moat feilich barre. Dêrom hat de Coördinatie Regeling Waddenzee (CRW) in e-learning-module 'Veilig wadlopen' makke. De e-learning is troch de Veiligheidsregio Fryslân ûntwikkele en bedoeld foar gidsen. Yn de nijsbrief lêze jo oer de nije (ferplichte) e-learning foar sololopers en begelieders. Nei it trochrinnen fan dizze e-learning kinne jo in fergunning oanfreegje. Fierder lêze jo oer de nije Waadrinferoardering 2023 en de nije e-learning fan de Veiligheidsregio Fryslân.

Besjoch ek de Coördinatie Regeling Waddenzee. De CRW is in netwurk fan helpferlieningsorganisaasjes dy't mei-inoar ferantwurdlik binne foar de ynsidint en rampebestriding op de Waadsee.

Toolkit waadrinne